Ekstra befeiliging by merke Snits nei stekynsidint mei twa ferwûnen

GRUT
It ynsidint wie flakby de merke op it Martiniplein © ProNews
By in stekynsidint yn Snits binne twa minsken ferwûne rekke. Dat meldt de plysje. It ynsidint wie by it Martiniplein. Dêr is dizze wike merke.
Beide slachtoffers binne nei it sikehûs brocht. Dat meldt de plysje. Se binne beiden 18 jier âld.
Stekynsidint by merke Snits
In wurdfierder fan de gemeente lit witte dat de merke in ekstra befeiliger ynset nei it ynsidint. Earder wiene der twa befeiligers, dat wurde der no trije.
De gemeente hat mei de plysje en de organisaasje oerlis hân oer it ynsidint. "Het is heel vervelend dat dit gebeurd is", seit in wurdfierder fan de gemeente, dy't beklammet dat it om in ynsidint giet.

Trije minsken oanholden, ien is minderjierrich

De plysje hat trije minsken oanholden. Al gau nei de melding fan it stekynsidint - om 22:45 oere hinne - koe op basis fan ferhalen fan tsjûgen de earste fertochte oanholden wurde. Dat giet om in 19-jierrige man út Ljouwert. Dy siet yn in auto doe't er oanholden waard.
In pear oeren letter binne twa oare fertochten oanholden. Dat giet om in 21-jierrige man en in minderjierrige jonge. Beiden komme út Snits, seit de plysje.
It is noch net dúdlik wat de tadracht west hat fan it stekynsidint. De plysje docht dêr noch ûndersyk nei.
De merke op it Martiniplein is alle dagen iepen oant 23:00 oere.