Brief Fryske polityk: nije rjochtbankpresidint moat mear foar Fryske taal dwaan

Attje Meekma wol dat de nije rjochtbankpresidint mear foar de Fryske taal docht
Attje Meekma wol dat de nije rjochtbankpresidint mear foar de Fryske taal docht © Omrop Fryslân
De Fryske polityk wol dat de folgjende presidint fan de rjochtbank Noard-Nederlân mear docht foar de Fryske taal. Dat is it boadskip fan in brief fan it Steatekomitee Frysk oan de Ried foar de Rjochtspraak oer de beneaming fan de baas fan de rjochtbank. De hjoeddeistige presidint giet op 1 maaie fuort.
"It brûken fan it Frysk moat better regele wurde", seit foarsitter Attje Meekma fan it Steatekomitee Frysk. Meekma (CDA) fynt dat de rjochtbank twatalich wurde moat mei in lykweardige posysje foar it Frysk en it Nederlânsk. Sa is de situaasje no neffens har net.
fred winkel rjochtbank A.R. van der Winkel presidint
Fred van der Winkel, hjoeddeistich presidint rjochtbank Noord-Nederland © Rechtspraak
Fred van der Winkel, dy't sûnt 2020 rjochtbankpresidint yn Noard-Nederlân is, stapt op 1 maaie oer nei de rjochtbank yn Oerisel. Van der Winkel stie net bekend as in strider foar it Frysk.
Dat moat oars, fynt de Fryske polityk. "It soe geweldich wêze as syn opfolger in Fries of Friezinne is", seit Meekma. Yn it Steatekomitee Frysk, dat sy foarsit, sitte politisy fan alle politike partijen.
Brief Fryske polityk: nije rjochtbankpresidint moat mear foar Fryske taal dwaan
It Steatekomitee skriuwt yn it brief dat it derfan útgiet "dat de rjochtbank in presidint oanstelt dy't yn it ljocht fan de lokale situaasje rjocht docht oan alle ynwenners fan it rjochtsgebiet dêr't it Frysk ûnskiedber diel fan útmakket."
It komitee nûget de nije presidint graach út foar in petear, sa is te lêzen.
De rjochtbank lit yn in reaksje op it brief it folgjende witte: "Wij hechten veel waarde aan het recht om Fries te spreken in de rechtszaal en blijven dat doen. In de profielschets voor de nieuwe president besteden we dan ook zeker aandacht aan de Friese taal."
De rjochtbank stribbet dernei om nei de simmerfakânsje in nije presidint presintearje te kinnen.
Op it stuit hat elkenien it rjocht om Frysk te praten yn de rjochtseal. Dat is neffens Meekma in papieren werklikheid, want de praktyk is oars: it gebeurt faak net.
Ien sintsje Frysk op de boerdsjes yn de rjochtbank fynt steatelid Attje Meekma ûnfoldwaande
Ien sintsje Frysk op de buordsjes yn de rjochtbank fynt Steatelid Attje Meekma net genôch © Omrop Fryslân
Se is dan ek net ûnder de yndruk fan de buordsjes dy't yn de rjochtbank hingje. Dêrop is te lêzen dat de Fryske taal sprutsen wurde mei. Neffens har sjochst dat meast pas stean ast al op de rjochtbank bist. "Dat is te let om bygelyks noch in tolk te regeljen."

Dan mar Nederlânsk

Frysktaligen dy't Frysk prate wolle foar de rjochter moatte dat op syn minst acht dagen yn 't foar melde. Yn 'e praktyk is dat in stevige drompel. Undersyk hat útwiisd dat in soad Frysktaligen der foar de rjochter foar kieze om dochs mar Nederlânsk te praten, ek al kinne se harren yn guon gefallen beter uterje yn it Frysk.
Der binne wol tolken. Mar dy trije offisjeel beëdige Fryske rjochtbanktolken wurde yn 'e praktyk al in skoft net of amper troch justysje ynskeakele. Dêr leit in jierrenlang skeel oer de fergoeding foar de tolken oan te'n grûnslach.
Ek foarsitter Sjirk Bruinsma fan de Ried fan de Fryske Beweging is fan betinken dat it plak fan it Frysk op de rjochtbank better regele wurde moat. "Ik fyn it ûnbesteanber dat Friezen 73 jier nei Kneppelfreed harren memmetaal net prate kinne foar de rjochtbank."
Sjirk Eildert Bruinsma Foarsitter Ried fan de Fryske Beweging
Sjirk Eildert Bruinsma © Ried fan de Fryske Beweging
Krekt as Meekma wol Bruinsma graach yn petear mei de nije rjochtbankpresidint om te praten oer 'ferbetterings by de rjochtbank'.