800 Friezen krije skeafergoeding foar geweld yn jeugdsoarch: "Bewijs van erkenning"

jeugdzorg famke problemen jeugdsoarch jongereinsoarch stock
Problemen yn de jeugdsoarch © Shutterstock.com
Achthûndert Friezen ha in skeafergoeding krigen om't se slachtoffer wiene fan geweld yn de jeugdsoarch. Dat docht bliken út data fan it 'Schadefonds geweldsmisdrijven'.
It skeafûns is oprjochte neidat der yn 2019 in ûndersyk nei bûten kaam oer geweld yn de Nederlânske jeugdsoarch sûnt 1945. Ut dat ûndersyk blykt dat ien op de tsien persoanen yn de jeugdsoarch faak mei geweld te krijen hie.
woodbrookers
Daisy de Jong © Omrop Fryslân
Ien fan harren is Daisy de Jong. Daisy wie tolve jier doe't se by behannelsintrum Woodbrookers yn Koartehimmen telâne kaam. Yn de fjouwer jier dy't se dêr sitten hat, hie se hast alle dagen te krijen mei in hurdhandige oanpak troch it personiel, fertelde se ôfrûne oktober.
"Je wordt op de grond gegooid, daarna volgt een beenklem, armklem of armvlecht. Je hebt daarna altijd striemen of blauwe plekken, of schouders die uit de kom schieten."

Erkenning

De finansjele temjittekomming is ien fan de maatregels fan de oerheid om it lijen fan de slachtoffers te erkennen, fertelt heechlearaar pedagogyk Micha de Winter. Hy hie de lieding oer it ûndersyk nei de jeugdsoarch.
Micha de Winter
Micha de Winter © Omrop Fryslân
De Winter: "Erkennen kan je doen op heel veel verschillende manieren. Er wordt gepraat over een monument, maar ook als een samenleving zich realiseert dat wij er ook met zijn allen verantwoordelijk voor zijn geweest. Een schaderegeling kan ook een soort bewijs zijn van erkenning."
Wat ik heb meegemaakt, is niet iets wat je naast je neer kan leggen omdat je een schadevergoeding hebt gekregen.
Daisy de Jong
Troch har tiid yn Woodbrookers hat Daisy mentale skea oprûn. In skeafergoeding is moai seit se, mar it makket gjin ferskil. "Wat ik heb meegemaakt, is niet iets wat je naast je neer kan leggen omdat je een schadevergoeding hebt gekregen. Dit is iets wat ik de rest van mijn leven moet meedragen."

Doekje foar it blieden

De Winter begrypt dat in skeafergoeding hjirfoar soargje kin. "Voor sommige mensen is dit slechts een soort doekje voor het bloeden." Tagelyk hat er ek ferromming fernaam nei syn ûndersyk.
"Voor de mensen die dit hadden meegemaakt, was het een gevoel van: eindelijk, het staat op papier. Het was niet mijn eigen schuld. Dit zijn dingen die er gebeurd zijn."
Het enige wat je wil, is een stukje stabiliteit.
Daisy de Jong
Wêr't Daisy wol wat oan hawwe soe, is stabiliteit. Dat is se troch har pleatsing yn ynstellingen folslein kwytrekke en is dreech om te krijen as je psychysk net goed yn je fel sitte.
"Het geeft mij stabiliteit als ik een baan en een eigen plekje zou kunnen hebben en me zou kunnen settelen", fertelt se mei triennen yn de eagen. "Het enige wat ik wil, is een stukje stabiliteit. Dat is toch triest. Ik probeer dat heel erg. maar het wordt niet makkelijk gemaakt."
De achthûndert Friezen ha tusken 1945 en 2019 te krijen hân mei geweld ûnder ferantwurdlikheid fan de oerheid. Dat is bygelyks yn in ynstelling, pleechgesin of opfang foar allinnichsteande minderjierrige asylsikers.
By it skeafûns is data opfrege de ynstelling, mar fanwegen privacy kin dat net dield wurde.
De data jout net oan dat it geweld yn de provinsje Fryslân plakhân hat. It giet allinnich oer wêr't it slachtoffer op dit stuit wennet.