De toan fan Froukje Sijtsma: "Doch ris normaal"

de toan fan kollum froukje sijtsma
Froukje Sijtsma © Omrop Fryslân
Doch mar normaal, dan bist gek genôch! It is ien fan de meast ferskriklike útdrukkingen dy't ik yn myn jeugd heard haw. Net iens fan myn eigen âlden, want ús heit en mem libje op harren eigen, unike wize net bepaald neffens it boekje. Utblinke yn gewoan wêze, it is yn Nederlân ferheven ta de puerste foarm fan Hollânsk boargerskip.
Ik fyn dy útspraak dus freeslik: stek dyn kop mar net boppe it meanfjild. Fal foaral net op. Gedraach dy neffens de kulturele doarpsfoarskriften en dan sitst goed. Noch altyd ropt dy libbensoertsjûging wjerstân by my op. Want wat is eins normaal, wa bepaalt dat dan en wêrom is it slim ast in bytsje oars bist?
Harkje hjir nei de toan fan Froukje Sijtsma
Us eigen folksfertsjinwurdigers binne der sels ek noch net hielendal út wat normaal is. Yn 2011 hienen Geert Wilders en premier Mark Rutte in tige ûnderhâldend petear by de Algemiene Skôgings. 'Ach ach, doe eens even normaal man', begûn Wilders. Dêr't Rutte op reagearre mei : 'Ik zou zeggen, meneer Wilders, doet u zelf eens even normaal.'
It fraachstik kaam ek ôfrûne moandei oan de oarder by de iepening fan de tentoanstelling De laatste dagen van de dorpsgek fan antropologe Anne-Goaitske Breteler. Yn de teatertsjerke fan Nes stiet de geastlike sûnenssoarch oan it begjin fan de 20ste iuw op it Fryske plattelân sintraal. Hoe kin it dat benammen Friezen út de doarpen minder gau om psychyske help sochten as bewenners fan de stêd? En hoe sit dat eins hjoeddedei? Doarsto te praten oer dyn psychysk wolwêzen?
Sa no en dan hawwe Anne-Goaitske en ik kontakt oer Fryske literatuer en ferhalen dêr't de mentale sûnens fan Friezen yn sintraal stiet. Doe't se fiif jier lyn har ûndersyk úteinsette, socht se nei ferhalen fan markante Friezen.
Fansels tocht ik fuort oan Sybren van der Schaaf, dy't by ús yn Hallum wenne. Tsien jier lyn is hy ferstoarn. Soms as ik oer myn bertedoarp praat, dan fertel ik minsken oer hoe't hy yn de Hallumer feart op in lyts boatsje wenne sûnder fasiliteiten.
Sybren van der Schaaf skopte it sels ta de lanlike televyzje yn it programma Kopspijkers. Omrop Fryslân die ferfolgens yn Hallum ferslach om te hearren wat de doarpsbewenners dêr eins fan fûnen. Ien famke fûn him mar net al te al te. Se sei: 'Dy man is net normaal, dy man dy moat hjir wei. Dy man dy moat hjir fuort. As it no in cruiseskip wie, dan wie it wat oars.'
Dat fenomenale sintsje, ha wy as suskes noch faak yn koar opdreund, sadree't der ek mar ien sei, dat de oar efkes normaal dwaan moast. Mar ja. Wat is dat eins? Normaal?
Mei De laatste dagen van de dorpsgek nûget Anne-Goaitske minsken út om foaral ek ris nei harsels te sjen. Want hoe normaal bisto eins? Miskien slagget it dy dan ek om ris mei oare eagen nei dy oare doarpsgekken te sjen. Doch mar gek, dan bist normaal genôch.