Ien op de tsien skippen brune float hat houtrot of djippe skuorren yn gyk of mêst

ILT-kontroleur Egbert van Norden en skipper Eelke Dijkstra
ILT-kontroleur Egbert van Norden en skipper Eelke Dijkstra © Omrop Fryslân
By ien op de tsien skippen fan de brune float is it goed mis mei de rûnhouten. Dat binne giken of bygelyks mêsten. Der sit houtrot yn of te djippe wynskuorren. Se moatte fuort ferfongen wurde, oars mei it skip net útfarre.
Dat docht bliken út de kontrôle fan de Inspectie Leefomgeving en Transport, ILT, by de brune float. Sûnder dizze ekstra kontrôle fan de ynspeksjetsjinst hienen dizze skippen gewoan útfarre kinnen. Se beskikke oer jildige sertifikaten dy't nedich binne om farre te meien.
De ILT is dwaande mei in grutte kontrôle fan alle skippen fan de brune float. Nei oanlieding fan de twa deadlike ûngemakken yn 2022 en it ferneatigjende rapport fan de Onderzoeksraad voor Veiligheid is besletten om foar it nije seizoen alle skippen te kontrolearjen en te sjen oft se oan de easken foldogge.
Lex Borst, projektlieder ILT
Projektlieder Lex Borst fan de ILT © Omrop Fryslân
Der binne no goed 100 skippen kontrolearre. It byld dat nei foaren komt is net posityf. "We zijn echt geschrokken", seit Lex Borst. Hy is de projektlieder fan de keuringen by de ILT.

1 op de 10

By sa'n bytsje ien op de tsien kontrolearre skippen binne rûnhouten, dat binne bygelyks mêsten en giken, ôfkard. "Dat zijn er in totaal al meer dan 20. Die zijn niet meer te gebruiken. Er zit bijvoorbeeld houtrot in of zulke diepe windscheuren dat ze niet sterk genoeg zijn."
ILT
De skroevedraaier ferdwynt yn it hout: dit hout is rot (argyf) © ILT
Se hiene al ferwachte dat wat oantreffe soenen doe't se begûnen mei de kontrôle. "Maar niet in deze aantallen", seit Borst. "We treffen best veel zaken aan die hersteld moeten worden. Het meeste is relatief makkelijk. Maar die rondhouten, dat neemt tijd."
Egbert van Norden yn aksje
Alle krúsjale punten fan in skip wurde kontrolearre © Omrop Fryslân
It is foar de ynspeksje de fraach hoe't it mooglik is dat se dizze mankeminten dochs oantreffe by skippen mei jildige sertifikaten. Borst: "Het is voor mij als leek ook wel de vraag hoe je soms in de termijn van een jaar dit aantreft."
Alle gegevens wurde no sammele. As de kontrôles klear binne wurde se analysearre. "We gaan kijken wat we daarvan kunnen leren. Moet je misschien de frequentie van controles en de certificeringen aanpassen?"

Kunde

De fraach komt ek op oft der by de ynspeksjetsjinst noch wol genôch kunde oanwêzich is foar goede kontrôles. Sûnt 15 jier wurdt dat wurk dien troch partikuliere buro's.
"We hebben die kennis wel, maar die is wel minder dan de particuliere bedrijven. Door de samenwerking die we nu hebben bij de controle van de 235 schepen, merken we dat de kennis aan onze kant weer groter wordt."
Ik hoopje dat de rotte appels der no út falle.
Eelke Dijkstra, skipper fan de Elbrich
It skip fan Eelke Dijkstra, de Elbrich, is ien dy't kontrolearre is. Dijkstra is bliid mei de keuring en ek mei it kontakt mei de ynspekteurs fan de ynspeksjetsjinst: "Je moatte al wer mei se yn de kunde komme."
Syn kompanjon fan de Grote Beer, Daan Delfoterie, is ek posityf: "Ik vond het echt een prettig gesprek. Ook dat je met elkaar over het dek gaat. Het voelt echt alsof je er samen mee bezig bent en niet als twee partijen."

Rotte appels

Dijkstra is bliid mei de kontrôles. "Ik hoopje dat de rotte appels der no út falle." Hy skrikt sels net fan de mankeminten dy't de ILT no oantreft: "Dat meie se harsels ek ferwite. Foar my is it gjin ferrassing. Ik wist it wol. Ik sjoch skippen farren dêr't ik myn bern net op meistjoer op skoalreiske."
Mei de Grote Beer wie net in soad mis. Delfoterie: "Er waren een paar aandachtspunten die zo op te lossen waren." Dat jildt ek foar de Elbrich. Dijkstra: "Ik bin bliid dat it achter de rêch is, it is best spannend." Beide skippen binne farklear en kinne begjin april útfarre.
It doel wie om foar 1 april alle 235 skippen fan de brune float te kontrolearjen. Dat slagget net, sa seit Borst. No is de deadline set op 15 april.