Fjouwer senario's foar de Lelylijn: in sprinter of in flugge ynternasjonale trein?

Trein mei spoaroergong
Trein mei spoaroergong © Omrop Fryslân
Wurdt de Lelylijn in flugge ynternasjonale trein dy't mar in pear plakken oandocht of wurdt it mear in regionale trein mei yn elts wat grutter plak in stasjon?
De organisaasje fan de Lelylijn presintearret fjouwer tinkrjochtingen foar de nije spoarline fan Lelystêd nei Grins.
Der sit aardich ferskil tusken de fjouwer sketsen. Yn it senario fan de saneamde 'tritich-minute-mienskip' komme der stasjons op 'e Lemmer, op 'e Jouwer, op It Hearrenfean en yn Drachten. Yn it senario fan de flugge ynternasjonale trein stoppet de trein yn Fryslân allinnich yn Drachten.

Kosten bûten beskôging

Direkteur Stijn Lechner fan de Lelylijn wol graach dat de belutsen provinsjes en gemeenten op de fjouwer senario's reagearje, sadat de organisaasje gau oan de slach kin mei in definityf senario.
Dêrby wurdt útgien fan it saneamde foarkarstrasee lâns de autodiken A6 en A7. Omdat it senario noch net fêst stiet wurdt yn dizze fase noch net oer de kosten praat.
De fjouwer tinkrjochtingen foar de Lelylijn
De fjouwer tinkrjochtingen foar de Lelylijn © De Lelylijn
Yn it ramt fan it ûndersyk is sjoen nei de mooglike gefolgen fan de Lelylijn foar wentebou, arbeidsmerk, natuer en lânskip.

Stoptrein mei soad haltes

It earste senario, de 'tritich-minute-mienskip' giet út fan in Lelylijn mei in soad halteplakken en ûntwikkeling op beskieden skaal. Dat soe mar leafst sân stasjons tusken Lelystêd en Grins betsjutte.
It giet om Urk, Emmeloard, De Lemmer, De Jouwer, Hearrenfean-Noard, Drachten, De Lieke (Leek) en Grins. De Lelylijn is dan in stoptrein, dy't fjouwer kear yn de oere ride kin.

Natuer of steden?

It senario 'Fitaal Ecolân' giet út fan klimaat, boaiem en wetter. Yn dit senario wurdt útgien fan konsintrearre ferstêdliking, in Lelylijn mei in regionale funksje en 6 tuskenstasjons.
De tredde tinkrjochting hjit 'Stedsk Netwurk'. Wenjen is hjir wichtich, it tal huzen en wurkplakken yn gruttere kearnen moat dêrom groeie. Der binne dan fjouwer tuskenstasjons. Dat binne yn dit gefal Emmeloard, It Hearrenfean, Drachten en De Lieke.

Sa fluch mooglik

It fjirde en lêste senario hjit 'Ynternasjonale topregio'. Yn dizze tinkrjochting is de Lelylijn in flugge spoarline dy't de grutste stêden ferbynt. Dan wurde tusken Lelystêd en Grins allinnich Emmeloard en Drachten oandien.
De kâns is oanwêzich dat de ynspraak fan gemeentes en provinsjes yn de rjochting giet fan in kombinaasje fan in flugge intercity mei in regionale trein, dy't op in soad plakken stoppet.
De 30-minutemienskip sjocht romte foar 7 stasjons tusken Lelystêd en Grins
De 30-minutemienskip sjocht romte foar sân stasjons tusken Lelystêd en Grins © De Lelylijn
"We zullen moeten onderzoeken of zo'n hybride scenario ook een mogelijkheid kan zijn", seit Lelylijn-direkteur Stijn Lechner oer dy opsje. "Op dit moment laat ik me er niet over uit waar wel en niet een station komt, dat is echt noch in onderzoek."

Hoe no fierder?

De kommende hjerst moat der in definityf foarstel lizze foar de Lelylijn, sadat Ryk en provinsje dêroer prate kinne by it jierlikse bestjoerlik oerlis oer it Mearjierreplan Infrastructuur Ruimte en Transport (MIRT).
Dat betsjut in foarkarstrasee, mei in realistyske begrutting en in foarstel foar de plakken dêr't in stasjon komme kin. As der dan ek sicht is op 75% fan de begrutting fan de spoarline, dan kin it Ryk in 'startbeslút' nimme oer de oerlis fan de Lelyline.
De skeppe giet dan noch net de grûn yn. It giet dan yn earste ynstânsje om it fierder útwurkjen fan de plannen yn it ramt fan in saneamde MIRT-ferkenning.
De Fryske oerheden wurde nije wike foarljochte oer de fjouwer tinkrjochtings.