Wat kostet it opladen fan de auto yn dyn gemeente?

ANP
In elektryske auto wurdt opladen © ANP
As je in elektryske auto oplade wolle, moatte je beslist net yn Súdwest-Fryslân wêze. De tariven fan de publike laadpeallen binne dêr it heechst fan alle Nederlânske gemeenten. De kilowattoere betelje je yn Súdwest-Fryslân 63 eurosint.
Ta fergelyk: as je de elektryske auto op It Amelân oan de stroom sette, betelje je mar 24 eurosint de kWh. Of yn de gemeente Waadhoeke; dêr kostet in kilowattoere yn trochsneed 29 eurosint.
Sjoch hjirûnder wat de trochsneed laadpriis de kilowattoere is yn dyn gemeente:
Foar de folsleine provinsje Fryslân binne de kosten yn trochsneed 38 eurosint de kilowattoere.
Dat de laadtariven yn Súdwest-Fryslân sa heech binne, is te witen oan in mearjierrich kontrakt mei it bedriuw Laadkracht fan Drachten. "Ein 2022 ha wy mei Laadkracht in kontrakt foar trije jier sletten", fertelt wethâlder Henk de Boer.

"Wy tochten: wy lizze it fêst"

"Wy ha dat doe dien om't de enerzjyprizen heech wiene. Wy tochten: wy lizze it no fêst. Doe is dy priis ôfpraat, mar dat blykt no nei ôfrin net handich."
It gefolch is dat Súdwest-Fryslân no yn prinsipe oant de ein fan 2025 fêstsit oan de doetiids ôfsprutsen tariven. En dat ynwenners dus folle djoerder út binne as yn alle oare gemeenten yn Nederlân.
Wethâlder De Boer wol him dêr noch net hielendal by dellizze. "It is in kontrakt, dus yn prinsipe sitte wy deroan fêst. Mar wy binne yn petear mei Laadkracht oer hoe hjir mei om te gean."
De enoarme ferskillen yn laadtariven binne ynsichtlik makke troch fergelykingsside Independer. Op basis fan gegevens fan Eco-Movement (in platfoarm foar laadpealdata) ha sy in oersjoch makke mei de tariven yn de Nederlânske gemeenten.