Fan 5 nei 3 sikehûzen: dit is hoe't de Fryske soarch de kommende jierren feroaret

Antonius Tjongerskans
De sikehûzen fan It Hearrenfean en Snits © Omrop Fryslân
It Fryske soarchlânskip feroaret de kommende jierren yngreven. Sikehuzen fusearje om de soarch yn de takomst effisjinter en betelber te hâlden. Mar wat betsjut dat foar de Friezen sels?
De earste fúzje komt deroan. Dy is op 1 jannewaris 2025. De sikehuzen MCL yn Ljouwert en Tjongerschans op It Hearrenfean wurde dan ûnderbrocht yn ien organisaasje.

Spesifike behannelings ferdwine?

Hoe't spesjalismen krekt ferdield wurde, is noch net dúdlik, mar Tjongerschans bliuwt ek nei de fúzje in folweardich sikehûs. "Met spoedeisende hulp, geboortezorg en de IC. De zorg blijft daar gelijk aan nu", sa seit MCL-bestjoerder Tanja Schuur.
Der binne soargen dat spesifike behannelings út Fryslân ferdwine. Dokters moatte in behanneling in bepaald oantal kearen yn it jier dwaan. Dy easken wurde hieltyd stranger. Wurdt de eask net helle, dan mei de behanneling net mear útfierd wurde. Dat kin yn Fryslân barre at der neat dien wurdt.
De hegere noarmen foar dokters, de kosten en ek de fergrizing fan Friezen en it soarchpersoniel binne de redenen foar dy oare soarchfúzje, dy tusken Tjongerschans en it Antonius yn Snits. Yn juny 2023 waard it foarnimmen foar dy fúzje bekend makke en no wurdt hurd wurke oan de plannen.
De fúzje tusken Tjongerschans en Antonius moat, at eltsenien akkoard giet, yn 2033 in nij sikehûs opsmite op De Jouwer. De beide oare sikehuzen geane dan ticht.
Tanja Schuur, medysk bestjoerder sikehûs MCL
Tanja Schuur, medysk bestjoerder sikehûs MCL © Omrop Fryslân
Dêroer is noch in soad diskusje. De gemeenten Hearrenfean en Súdwest-Fryslân ha grutte betinkings. Se wolle harren sikehûs net ferlieze en binne benaud dat de ôfstân ta de soarch foar boargers te grut wurdt.
Eins wurdt der troch Fryske sikehûsbestjoerders al sûnt 2009 praat oer fiergeande gearwurking. Dat begûn mei it plan 'Fryslân Voorop'. De basis fan dat plan wie dat sikehuzen ûnderling bepale soene wa wat docht. Yn 2017 gie it plan it jiskefet yn.
Om by te bliuwen yn de soarch binne lykwols grutte ynvestearrings nedich. Dat wie reden foar de bestjoerders fan it MCL en Tjongerschans om yn 2021 te begjinnen mei petearen oer in mooglike fúzje.
Soarch oer de kwaliteit en de berikberens ha ek kliïnten en de kliïnterieden. Dat waard dizze wike dúdlik op in ynformaasjegearkomste oer de fúzje yn sikehûs MCL yn Ljouwert. Minsken wolle de garânsje ha dat de sikehuzen goed berikber bliuwe.
Guon Friezen meitsje harren soargen oer de takomst fan de soarch. "Der moatte goede ferbinings bliuwe en komme mei it iepenbier ferfier", seit Jacob Hansma fan Makkum, ien fan de oanwêzigen op de gearkomste.

De Lelyline

Hansma sjocht nei de situaasje no en ek dy yn de takomst. Hy tinkt dan oan taksys dêr't minsken mei in rolstoel foar it gewoane taryf yn meiride kinne. "Dat is seker needsaaklik as ek dy oare fúzje trochgiet en der ien sikehûs komt op De Jouwer."
IMG_9297
Sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten © Omrop Fryslân, Aise van Beets
In oar fynt dat de sikehûsbestjoerders easkje moatte dat de Lelyline in halte krijt by it mooglike nije sikehûs op De Jouwer.

Fan fiif nei trije

Yn 2033 moat der in nij sikehûs stean op De Jouwer. It soarchlânskip is dan folslein oars as sis 2005. Doe wienen der noch fiif sikehuzen: Dokkum, Snits, It Hearrenfean, Drachten en Ljouwert.
Dêr bliuwe der, at it oan de soarchbestjoerders leit, trije fan oer. Twa folweardige sikehuzen mei goede bertesoarch en spoedeaskjende help: Nij Smellinghe en De Jouwer. It MCL yn Ljouwert bliuwt it top-klinyske sikehûs. Dêr is de swierdere soarch, lykas hertsjirurgy en wurdt ek wittenskiplik ûndersyk dien.
Der wurdt dan benammen sjoen nei hoe't soarch op ôfstân fierder ûntwikkele wurde kin. Minsken hoege dan net mear foar alles nei it sikehûs.