Yn in echt orkest spylje as stimulâns: "Wichtich dat jeugd trochset mei muzyk meitsjen"

Bikkelorkest
Bikkelorkest © Omrop Fryslân, Cristine Kuiper
Muzyk meitsje, dat is wat de jongerein fan it Bikkelprojekt oaninoar ferbynt. Omdat by ferskate muzykferieningen it ledental leech leit, krije jonge muzikanten no de kâns dochs yn in echt orkest te spyljen.
Wykliks komme se byinoar om te oefenjen, mar fansels ek om wille te meitsjen. De groep jongeren ken inoar net, fertelt dielnimmer Lisanne van den Berg. "It is wol wat spannend, allegear nije gesichten. Mar dat makket it ek moai."
Bikkelorkest ferbynt jongeren
Lisanne spilet saksofoan en fynt dat it gearspyljen mei oare jongeren stimulearret om troch te gean mei it meitsjen fan muzyk. Dit is ek ien fan de doelen fan de organisaasje.
Lisanne van den Berg, Bikkelproject
Lisanne van den Berg docht mei oan it Bikkelprojekt © Omrop Fryslân, Cristine Kuiper
It projekt is in gearwurking tusken muzykferieningen Legato Burgum, Laudando Appelscha en Concordia Elslo. It is net sûnder reden opset. "Der binne korpsen mei mar twa jeugdleden, dat kinst gjin orkest neame", seit Paulus Koops, foarsitter van Legato Burgum.
"Foar harren is it wichtich om mei te meitsjen hoe't it is om yn in orkest te spyljen, om mei-inoar muzyk te meitsjen."
Paulus Koops, Bikkelproject
Paulus Koops © Omrop Fryslân, Jantine Weidenaar
Koops fertelt dat âlden it faak wichtiger fine dat harren bern in sport beoefenet, as dat hy of sy in muzykynstrumint bespilet. Hy fernimt dat by syn muzykferiening minder jeugd komt.
Om dy reden kaam de organisaasje op de namme 'Bikkelprojekt'. "De jeugd dy't wol mei muzyk trochset, dy fine wy de bikkels", seit Koops.

Provinsjale oanpak

Neffens Koops soe in provinsjale ferzje fan it Bikkelprojekt ek in goed idee wêze. "Je sjogge dat de jeugd hiel entûsjast is, foar harren is it wis in stimulâns."
It projekt hie foar my wol langer duorje mochten!
Dielnimmer Lisanne
De muzykferieningen yn de provinsje soene baat hawwe by sa'n projekt. It entûsjasme kin derfoar soargje dat de jeugd trochgean wol mei muzyk te meitsjen. Dêrtroch kinne de orkesten foar folwoeksenen ek nije oanwaaks krije. "It is wichtich dat de jeugd trochset en dat se muzyk meitsjen moai fine."
Foar no liket it projekt yn elts gefal slagge, seit Lisanne: "It projekt hie foar my wol langer duorje mochten!"
It orkest repetearret noch twa en dan hâldt it projekt op. De ôfsluting is sneon om 19.30 oere mei it Bikkelkonsert yn MFC de Wier yn Oerterp.