KAART: Safolle minsken wienen yn 2023 fertochte fan in misdriuw yn dyn gemeente

Man yn de boeien
Man yn de boeien © Sjhutterstock
Yn de gemeente Ljouwert waarden yn 2023 118 op 10.000 ynwenners registrearre as fertochte fan in misdriuw. De gemeente stiet dêrmei lanlik op it sechsde plak.
Dat docht bliken út sifers fan it CBS.

Flylân en Smellingerlân

Ljouwert dielt it sechsde plak mei de gemeente Vlissingen. Nei Ljouwert is Flylân de heechst notearre Fryske gemeente op de list mei 107 fertochten de 10.000 ynwenners. Dat jout wol wat in fertekene byld, om't Flylân net safolle ynwenners hat.
Op it fêste lân steane fierder yn de gemeente Smellingerlân (92 de 10.000 ynwenners), Hearrenfean (80) en Achtkarspelen (75) in soad minsken as fertochte registrearre.
Op dizze kaart kinst sjen hoefolle minsken der yn 2023 fertochte wienen fan in misdriuw yn dyn gemeente (de 10.000 ynwenners):
Yn hiel Nederlân registrearre de plysje sa'n 150.000 fertochten fan misdriuwen. Dat is in bytsje minder as yn 2022. Goed in kwart fan de fertochten wie jonger as 23 jier.
De measte registrearre fertochten kamen út Heerlen, dat wiene der 149 de 10.000 ynwenners.