Rotsjes en toeterjen foar jonge wolf as er him yn Appelskea weaget

wolf
Een jonge wolf in Oude Willem © ANP
In jonge wolf dy't him meardere kearen sjen liet yn it Drents-Friese Wold, stiet in oare kear it kabaal fan rotsjes en in toeter te wachtsjen. Dat moat him sa'n soad skrik oanjeie, dat er him net mear yn de buert fan minsken weaget.
It idee komt fan ûnder oare provinsje Fryslân en de gemeente Eaststellingwerf. It is net winske dat in wolf net mear benaud is foar minsken; dan kinne der slimme problemen ûntstean, sizze de plannemakkers.

Lokken mei bakjes foer

Ein ferline jier liet in jonge wolf him sjen yn Oude Willem. Dat is in buorskip yn Eaststellingwerf en it Drintske Westerveld. Syn oanwêzigens luts tsientallen natuerfotografen en oare belangstellenden.
Uteinlik moast in dyk troch it natuergebiet ôfsletten wurde, omdat minsken mei bakjes fretten rattelje om it bist te lokjen. Nei alle gedachten hawwe se it ek fierd, neffens boskwachter Lysander van Oossanen fan Steatsboskbehear. De wolf ferlear dêrtroch syn skuwheid. Besikers holden har ek net oan de regels yn de natuer en feroarsaken gefaarlike situaasjes op de smelle dyk.

Beskerme status

De dyk is no wer iepen, omdat de wolf al efkes net mear sjoen is by Oude Willem, seit de provinsje Fryslân. Mar de kâns bestiet dat er opnij opdûkt.
De maatregels om it bist ôf te skrikken binne noch net brûkt. Der binne net in soad maatregels mooglik tsjin in wolf, omdat it bist in beskerme status hat. It bist ferjeie mei in toeter of rotsjes liket juridysk wol tastien.