Hoe sette Bauke Vaatstra DNA-ûndersyk op de kaart? En goudkoarts op Skylge

It wykoersjoch fan Omrop Fryslân
It wykoersjoch fan Omrop Fryslân © Omrop Fryslân
Nei de moard op syn dochter Marianne waard it libben fan Bauke Vaatstra nea mear itselde. Dizze wike is er neist har begroeven. Yn ús wykoersjoch kinst lêze hoe't hy derfoar soarge dat de moard op Marianne Vaatstra (16) nea in 'cold case' waard.
It oersjoch bestiet út fiif opfallende ferhalen fan ús app en webside. Foar eltsenien dy't it mist hat, of dy't it nochris rêstich weromlêze wol.
Hjir ús seleksje fan dizze wike:
Wurk oan it spoar
Wurk oan it spoar © ANP

"Metaalbedriuwen moatte mear dwaan om koperstellerij foar te kommen"

Neidat der dizze wike troch koperdieven in hiele moarn gjin treinen ride koene tusken Ljouwert en It Hearrenfean, kaam spoarbedriuw ProRail mei in oprop oan koperkeapers. As dy better oplette, is der foar de dieven gjin sint mear te fertsjinjen. ProRail leit ek út wêrom't it stellen fan koper yn Fryslân in grutter probleem is as yn de rest fan it lân.
Detail fan de foarkant fan it boek dat Anne-Goaitske Breteler skreau: De laatste dagen van de dorpsgek
Detail fan de foarkant fan it boek dat Anne-Goaitske Breteler skreau: De laatste dagen van de dorpsgek © Prometeus

"De doarpsgek wurdt mei in taksybuske nei de opfang brocht"

Is it echt wier dat Friezen minder maklik oer emoasjes prate as minsken út de Rânestêd? Wêrom waard by it gesticht yn Frjentsjer folle minder faak in twangstoel brûkt as op oare plakken? Is Fryslân de lêste doarpsgek net al lang kwytrekke? Antropologe en histoarika Anne-Goaitske Breteler hat ûndersyk dien. In eksposysje jout no it antwurd.
Sikehûs Nij Smellighe
Sikehûs Nij Smellinghe © Omrop Fryslân, Aise van Beets

Kin 'De Jouwer' foarkomme dat spesifike behannelingen út Fryslân ferdwine?

Easken dêr't dokters oan foldwaan moatte, wurde stranger. Se moatte in behanneling in bepaald tal kear yn it jier dwaan. As se dy eask net helje, mei in behanneling net útfierd wurde. Dan moat in pasjint nei in oar sikehûs. It is ien fan de redenen dat de Fryske sikehuzen fierder gearwurkje wolle. Yn 2033 moat der in nij sikehûs stean op De Jouwer.
Ald reklamebyld foar Skylge fan de VVV
Ald reklamebyld foar Skylge fan de VVV © VVV Skylge

Goudkoarts brocht toerisme nei Skylge op gong

As 14-jierrige jongfeint kaam Pieter Breuker foar it earst op Skylge en de de fassinaasje foar it eilân is nea fuort gien. No is er 78 en hat er in boek skreaun oer de skiednis van it toerisme op it eilân. In skip dat yn 1799 fergie mei in fracht goud oan board spilet dêr in krúsjale rol yn.
Bauke Vaatstra mei in foto fan syn dochter Marianne
Bauke Vaatstra mei in foto fan syn dochter Marianne © ANP Foto

Hoe foarkaam Bauke Vaatstra dat de moard op Marianne in 'cold case' waard?

Mei misdiedferslachjouwer Peter R. de Vries luts Bauke Vaatstra yn de media op om in grutskalich DNA-ûndersyk foarinoar te krijen, om de moard op syn dochter op te lossen. It ûndersyk kaam der, de dieder waard fûn. Vaatstra is dizze wike begroeven. Hy leit no neist syn Marianne.