Dit wurdt it MCL fan de takomst: nije operaasjekeamers en intensive care

In ympresje fan it nije gebou, mei hielendal links de hjoeddeiske haadyngong
In ympresje fan it nije gebou, mei hielendal links de hjoeddeiske haadyngong © EGM architecten
Sikehûs MCL yn Ljouwert stiet oan de foarjûn fan in gigantyske operaasje: de nijbou fan de intensive care, operaasjekeamers en ûndersyksromten.
It wurdt in heech en nagelnij gebou, oan de rjochterkant fan de haadyngong. Al sûnt 2020 wurdt de nijbou stapke foar stapke taret.
Ienfâldich is dy puzel net. Want hoe soargje je derfoar dat it deistige wurk yn it sikehûs sûnder hinder trochgean kin?
"Wy moatte mei in hiele protte saken rekken hâlde by de nijbou", fertelt Jikke Castelein fan it MCL. Sy is teamlieder húsfêsting en technyk.
"Tink bygelyks oan de helikopter dy't hjir lânje moat. Dy hat syn flechtrûten en bringt in soad wyn mei. Mar der kinne ek trillingen wêze by de bou. As je mei in drege operaasje dwaande binne, kin dat hiel ferfelend wêze."

In fjirdepart nij

Yn it nije gebou sit aansten sa'n 22.000 kante meter romte. Ta fergelyk: it hjoeddeiske MCL is yn totaal sa'n 100.000 kante meter grut. Hast in fjirdepart fan dy romte wurdt de kommende jierren dus nijboud.
Besjoch hjirûnder hoe't it nije gebou der aansten út komt te sjen:
Sa sjocht it nije gebou fan it MCL der aansten út
Om de nijbou mooglik te meitsjen, wurdt ûnder mear de âlde lokaasje fan Noorderbreedte Refalidaasje oan de Borniastrjitte hielendal leechhelle en sloopt. Op dat plak wurdt in bouterrein ynrjochte.
Dizze dagen wurde op it plak fan de nijbou ek beammen kapt of ferpleatst om romte te meitsjen. Foardat de bou begjinne kin, moat der noch hiel wat barre. Bygelyks it grûnwurk en ynfrastrukturele oanpassingen, lykas it rioel, wetter en gas.
Kommende simmer wurdt ek de tagongsdyk fan de spoedeaskjende help omset. Minsken dy't dêr hinne moatte, dogge dat no noch fia de Henri Dunantwei. De tarit nei de spoedeaskjende help komt aansten oan de Borniastrjitte te lizzen.

Ferâldere

De wichtichste reden foar de nijbou is dat in soad gebouwen fan it MCL bot ferâldere binne. Guon ûnderdielen komme noch út de jierren 60, begjin jierren 70.
"Elke kear kaam der hjir wer in stikje by", neffens Castelein. "Kwa duorsumens wurdt it heech tiid dat der fernijing komt."
De nijbou jout ek soarchynhâldik mear mooglikheden. "De operaasjekeamers binne yn 2004 foar it lêst renovearre. Wy foldogge oan alle easken, mar se binne somtiden wol wat lyts. Wy krije aansten gruttere operaasjekeamers. Alle yngrepen komme dan ek op ien plak byinoar."

Fiif ferdjippingen

It nije gebou sil yn totaal út fiif ferdjippingen bestean: de begeane grûn, operaasjekeamers op de earste en twadde ferdjipping, technyske romten op de tredde ferdjipping en de intensive care op de fjirde laach.
It MCL kin noch net oanjaan hoefolle it nije gebou krekt kostet. Op dit stuit sit it sikehûs yn de oanbestegingsproseduere. Doe't de nijbou goed twa jier lyn oankundige waard, wie de ynskatting dat de totale fernijing fan it MCL tusken de 100 en 120 miljoen euro kostje soe.

Yn gebrûk

As it in bytsje meisit, soe de earste peal oan de ein fan dit jier de grûn yn moatte. It is de bedoeling dat de nije intensive care, de operaasjekeamers en de ûndersyksromten yn 2026 brûkt wurde kinne.
Dit is wêrom't nijbou neffens Jikke Castelein fan it MCL nedich is:
Dit is wêrom't nijbou neffens it MCL nedich is
Wat der dêrnei krekt mei de frijkommende romten bart, is noch net hielendal dúdlik. "Wy sille de leechstân dan op 'e nij besjen. Uteinlik sil it sikehûs dan wer lytser wurde", neffens Castelein.
It terrein om de gebouwen hinne wurdt ek meinommen yn de plannen. It oansjoch fan it MCL moat griener wurde, sadat it foar pasjinten en meiwurkers nofliker wurdt om dêr te ferbliuwen.