Skylge hat in tydlike fearbrêge: in needoplossing foar de rest fan it jier

Auto's yn 'e rige foar de fearboat
Auto's yn 'e rige foar de fearboat © Omroep Zilt, Lennard Geerts
Op Skylge is de tydlike fearbrêge fan Rykswettersteat yn gebrûk naam. De rest fan it jier meitsje alle fearboaten gebrûk fan dizze needoplossing.
De tydlike fearbrêge is nedich om't Rykswettersteat alle brêgen yn it Waadgebiet renovearret. Bepaalde krityske ûnderdielen fan de fearhavens binne oan 'e ein fan har libbensdoer.
Ferline jier waard dat yn de maitiid noch dúdlik doe't de fearbrêge by Holwert stikken gie. Hûnderten minsken sieten doe fêst op de boat en It Amelân wie in skoftke ûnberikber.
"Alles is in de jaren 80 aangelegd", fertelt Roelof Jan Witting, omjouwingsmanager by Rykswettersteat. "Denk aan uw eigen huis. Als die 30-40 jaar oud is, moet daar ook een grote renovatie gedaan worden."
Jan Roelof Witting fan Rykswettersteat
Jan Roelof Witting fan Rykswettersteat © Omroep Zilt, Lennard Geerts
Op de lokaasjes dêr't fearboaten ôfreizgje en oankomme ferfangt Rykswetterstear gewoanwei in brêge yn ien nacht. Sa kin de fearferbining mei de eilannen altyd garandearre wurde.
Rykswettersteat pleatst dan nachts in tydlike brêge en nimt de oarspronklike brêge mei foar renovaasje. As dat wurk klear is, wurde de brêgen op 'e nij yn de nacht omruile.

Daamwand ek ferfongen

Mar op Skylge is dat net helber. Want dêr moatte ek alle daamwanden ferfongen wurde, om't de wâlskant oars fuortsakket. It is in operaasje dy't mear as oardel jier kostet.
"We hebben hier aan de voorzijde van de haven 150 meter damwand te vervangen", seit Witting. "Dat onderdeel alleen al kost driekwart jaar om te realiseren. Zo lang kan Terschelling niet zonder verbinding."
De fearbrêge by de boat
De fearbrêge by de boat © Omroep Zilt, Lennard Geerts
Om ek dy wâlskant oanpakke te kinnen, hat Rykswettersteat in folsleine tydlike fearynrjochting boud op Skylge. In nije lokaasje yn de haven dêr't it kommende jier alle fearboaten oankomme en fuortfarre.
De haven út de loft wei sjoen
De haven út de loft wei sjoen © Omroep Zilt, Lennard Geerts
Allinne de fuotgongersbrêge is noch net klear. "Die is in aanbouw, omdat de kraan er moet staan kan die niet afgebouwd worden. Dat hopen we met 14 dagen weer klaar te hebben, maar het liefst nog eerder."
De folsleine renovaasje fan de fearhavens yn it Waadgebiet kostet om de 50 miljoen euro hinne. Mar de hoop is wol dat alles dêrnei wer sa'n 30-40 jier meikin. "Tenzij er heel veel aanpassingen zijn in de voorschriften. Maar dat zien we dan wel weer."