Groenewoud nimt de lieding op WK allround: "Dit is wol lekker, mar ik ha noch neat wûn"

Marijke Groenewoud
Marijke Groenewoud © Orange Pictures
Marijke Groenewoud hat op it wrâldkampioenskip allround yn Inzell de lieding naam nei twa ôfstannen. Antoinette Rijpma-de Jong stiet fjirde.
Groenewoud hat in foarsprong fan hast in heale sekonde op de 1.500 meter op Joy Beune, dy't twadde stiet. "Ik bin foaral tefreden. Ik hear dat ik in heale sekonde foarsprong ha. Dat is wol lekker, mar der is noch neat wûn."
Groenewoud wist yn it foar dat se aardich yn foarm is op dit momint. Better as trije wiken lyn op it WK ôfstannen yn Calgary. "Ik fielde my de hiele wike al goed. Dus dan geane je derfan út dat je goed ride. Oars soe it allinnich mar ôffalle."

Beune iennige konkurrint?

Groenewoud hat op de 1.500 meter no 0,48 sekonde foarsprong op nûmer twa Beune. "It is lekker dat je de twadde dei mei in foarsprong yngean. En ik mei no op de 1.500 meter tsjin har. Dat is ek wol lekker."
Op de lêste 1.500 meter, trije wiken lyn op it WK, wie Beune in stik rapper as Groenewoud. "Dêr wie ik sawysa net yn foarm. Ik bin in stikje better as doe. En foaral fitter."
Is Beune dan no de iennige konkurrint? "Wol de grutste konkurrint. En Antoinette kin fansels ek noch in goeie 1.500 en 5.000 meter ride."
Groenewoud waard sechsde op de 500 meter en se einige op de 3.000 meter as twadde efter Beune.

Beune grutste konkurrint troch goeie 3.000 meter

Miho Takagi sette fan de favoriten de earste tiid del op de 3 kilometer. Har 4.05,41 wie net geweldich. Takagi stiet dêrtroch yn it klassemint no op 0,50 sekonde efterstân op de 1.500 meter. "As je har 3.000 meter sjogge, dan tink ik net dat se moarn ride sil, mar dat is ek mar ôfwachtsjen."
Beune dûkte fier ûnder de tiid fan Takagi en ried sels in baanrekôr. Se wie hast tsien sekonden rapper as Takagi en passearre dêrmei de Japanse ek yn it klassemint. Beune ried in tiid fan 3.55,72. "Ik hie ferwachte dat se hurd ride soe. Dat baanrekôr hie ik wol tocht."

Groenewoud tsjin Rijpma-de Jong yn de lêste rit

Yn de lêste rit stienen Groenewoud en Rijpma-de Jong tsjinoer elkoar. Groenewoud naam fuort in foarsprong en Rijpma-de Jong seach it gat hieltyd wat grutter wurden. Groenewoud ried in goede rit en pakte de twadde tiid, goed twa sekonden efter winneres Beune, mei in tiid fan 3.57,94.
Rijpma-de Jong wie goed 3 sekonden stadiger as Groenewoud en waard fiifde op de 3.000 meter. Yn it klassemint is se no fjirde mei 0,69 sekonde efterstân op Groenewoud.

Utslach 3.000 meter WK allround

1. Joy Beune 3.55,72 (BR)(PR)
2. Marijke Groenewoud 3.57,94
3. Ragne Wiklund (NOA) 3.58,29
5. Antoinette Rijpma-de Jong 4.01,05
8. Mei Han (SIN) 4.03,70
11. Miho Takagi (JAP) 4.05,41
De 500 meter waard earder op de dei wûn troch Takagi. Se sloech dêrmei nei de earste ôfstân in gat, mar Rijpma-de Jong en Groenewoud bleaunen aardich yn de buert.
Takagi wûn freed it WK sprint en hat dus in goeie 500 meter. Se wie no wol stadiger as op it sprinttoernoai, mar sette lykas ferwachte de earste tiid del yn 37,56.
Foardat Takagi yn aksje kaam, wie Rijpma-de Jong de earste Fries dy't op it iis kaam. Nei in falske start sette se in tiid fan 38,35 del.

Utslach 500 meter WK allround

1. Miho Takagi (JAP) 37,56
2. Mei Han (SIN) 38,01 (PR)
3. Ayano Sato (JAP) 38,21 (PR)
4. Antoinette Rijpma-de Jong 38,35
6. Marijke Groenewoud 38,64
10. Joy Beune 39,17
Groenewoud kaam op de 500 meter yn de lêste rit yn aksje tsjin Takagi. De krusing gong krekt goed trochdat Groenewoud goed faasje makke yn de bocht. "Ik moast aardich oansette om foar har del te gean, dus dat wie wol spannend. Ik tocht dat se wol foar my del kruse soe. Mar se iepene stadiger as juster, dus ik moast wol efkes gong meitsje om der foar del te gean."
Takagi ried dêrnei by har wei, mar Groenewoud sette de sechsde tiid del mei 38,64. Beune ried 39,17.

Rijpma-de Jong hie mear ferwachte

De oare Friezin, Rijpma-de Jong, stiet no fjirde nei twa ôfstannen. En dêr is se net bliid mei. "Op de ien of oare manier krij ik it der gewoan net út. Ik woe graach fjouwer goeie races ride en dat is no net slagge. Dat is wol hiel spitich."
Rijpma-de Jong witst eins yn it foar al dat de wrâldtitel der net yn sit. Dêr leaut se no ek net mear yn. "Kinst wol in doel stelle, mar of dat reëel is, dat tink ik net. Wolst it hiel graach, mar dit moatst gewoan akseptearje. It rint gewoan krekt net goed genôch dit seizoen."
Se hopet wol dat it moarn better giet, mar lestich wurdt it seker. "Ik hoopje dat der noch wat enerzy yn sit, sadat ik der noch in goeie dei fan meitsje kin."

Klassemint nei twa fan de fjouwer ôfstânnen

ferskil op de 1.500 meter
1. Marijke Groenewoud
2. Joy Beune +0,48
3. Miho Takagi (JAP) +0,50
4. Antoinette Rijpma-de Jong +0,69
5. Mei Han (CHI) +0,99
Snein ride de froulju noch in 1.500 en in 5.000 meter. Op de 1.500 meter ferdigenet Groenewoud in foarsprong fan hast in heale sekonde op Beune. Takagi sit dêr deun efter. Rijpma-de Jong stiet fjirde mei 0,69 sekonde efterstân op Groenewoud.