SC Cambuur mei de hannen yn it hier nei ferlies tsjin De Graafschap

Cambuur Sjoernaal
Cambuur Sjoernaal © Dijks Media
Cambuur gie freed op eigen fjild mei 2-1 ûnderút tsjin De Graafschap. De Ljouwerters krigen yn de earste helte in pear goeie kânsen, mar wisten net te skoaren. Dat die De Graafschap wol. Ut de allerearste korner koe Xandro Schenk yn de 35e minút de bal fia Sekou Sylla yn de goal krije: 0-1.
De Ljouwerters leine in protte striid oan de dei en op slach fan rêst waard dy ynstelling beleane mei de lykmakker. Nei hands yn de 16 meter benutte Milan Smit de terjochte takende penalty. De twadde helte gie lyk op, al wie De Graafschap justjes gefaarliker. Dat resultearre yn de 85e minút yn in goal fan Philip Brittijn: 1-2.
Yn de slotfaze besocht Cambuur noch de lykmakker op it boerd te krijen, mar in echte kâns dêrop krigen de Ljouwerters net. Mei as gefolch it tredde ferlies op rige. Cambuur stiet no alfde yn de kompetysje en der moatte no echt rap punten komme om it achtste plak te pakken. Dat plak jout rjocht op dielname oan de play-offs.
Alles Oer Cambuur-De Graafschap yn it Cambuur Sjoernaal: