Cambuurtrainer De Jong fielt ûnmacht nei ferlies fan De Graafschap: "Unfoarstelber"

Cambuurtrainer Henk de Jong
Cambuurtrainer Henk de Jong © Dijks Media
Unmacht oerhearsket by Cambuurtrainer Henk de Jong nei it ferlies tsjin De Graafschap. Yn eigen stadion ferlearen de Ljouwerters yn de lêste minuten mei 2-1.
"We krije it foarinoar: we ha nul skotten tsjin hân en we stean 1-0 achter", seit De Jong oer de iepeningstreffer foar de tsjinstanner yn de earste helte. "Neffens my koppe we him der sels yn, út it neat. It is eins it hiele jier sa, ûnfoarstelber."
Flak foar it skoft krige Cambuur in penalty, dy't Milan Smit deryn skeat. Sa waard it 1-1 lyk. "We wienen der wer", seit De Jong. Mar dat koe syn ploech net folhâlde yn de twadde helte.

"Geil foar de goal"

"We spilen tsjin bêst in goed team, litte we earlik wêze. Mar we komme ek in kear of seis troch rjochts en dan moatte we in besetting foar de goal ha. It is miskien in raar wurd, mar je moatte geil wêze foar de goal. Dat sjoch ik dan net. Dan tink ik: kom op."
Henk de Jong fielt machteleazens
It ropt in gefoel fan machteleazens op by De Jong. Neffens de trainer is syn team te beskieden. "Elkenien sjocht wol dat we bêst in goeie wedstriid spylje, oant miskien it lêste kertier. Dan sjochst de wurgens wat kommen. En op in slemielige manier ferliest wer in wedstriid."

Teloarsteld

Ferdigener Léon Bergsma wie bot teloarsteld oer it ferlies tsjin De Graafschap. "Het spel was deze keer wel wat beter, in vergelijking met Emmen en PSV, maar je koopt er uiteindelijk niets voor."
Léon Bergsma is teloarsteld oer de útslach tsjin De Graafschap
"Gezien het spelbeeld was gelijkspel wel de juiste verhouding geweest", tinkt Bergsma. "De eerste helft waren we volgens mij heer en meester. De enige kans die zij hadden, was die corner en die vliegt er weer in. Dat is heel frustrerend slecht. Dat moeten we verbeteren."
De twadde helte wie it spul wikseljend. In kopbal fan Philip Brittijn makke 5 minuten foar de ein fan de wedstriid dien wurk foar De Graafschap. Cambuur stie mei lege hannen.

Moed hâlde

Winst op De Graafschap wie nedich om sicht te hâlden op de play-offs. Dochs hâldt De Jong hoop dat it noch goedkomt. "We gean dermei oan 'e slach en we sille it foarinoar krije dat we noch in pear hiel goeie wedstriden spylje."
Ek Bergsma bliuwt posityf. Hy tinkt dat de play-offs noch altyd helber binne. "De eerste seizoenshelft hadden we ook een aantal keer achter elkaar verloren en daarna hebben we ook een goede reeks ingezet. We gaan er wel voor, we houden de moed erin."