Brânwacht oeren drok mei grutte brân yn Frjentsjer

AS
De brânwacht yn Frjentsjer © AS Media
Der is net folle mear oer fan de loads yn Frjentsjer dy't freed yn de brân fleach.
It is de twadde kear yn in wike tiid dat der in grutte brân wie yn Frjentsjer. In wike lyn wie der brân yn in papierfabryk. Dêr stiene aaidoazen yn 'e brân.
No gie it om in brân yn in gebou dêr't meardere bedriuwen yn sitte. Der sitte 32 units yn it gebou. Tsien dêrfan binne bot skansearre rekke.
Sjoch hjir nei bylden fan de brân
Doe't it fjoer útbruts, wiene der noch twa minsken yn it gebou, mar dy koene der gau útkomme. Neffens in wurdfierder fan de brânwacht rekke der net ien ferwûne.
De brân waard om fjouwer oere hinne ûntdutsen. Doe't de earste brânwachtwein oankaam wie der al gjin rêden mear oan.
Der kaam in protte reek frij by de brân. Troch de hurde eastewyn luts dy nei Harns. Mei in NL-alert binne minsken warskôge ruten en doarren ticht te hâlden.
NL Alert
Yn dit gebiet is it NL-alert ferstjoerd © Brânwacht Fryslân
De brânwacht skaalde op nei 'zeer grote brand', om genôch brânwachtminsken nei Frjentsjer te krijen. Dy kamen ûnder oare út Harns, Ljouwert, Wytmarsum en Menaam.
Nei trije oeren wie it fjoer fierhinne ûnder kontrôle. Mei in kettingseage en in heftruck ha brânwachtminsken gatten makke yn it gebou, om better tagong te krijen ta de plakken dêr't noch fjoer siet.
Jûns om njoggen oere hinne wie de brânwacht noch dwaande mei neiblussen. In wurdfierder koe net ynskatte hoe lang't dat noch duorje soe.
It is noch net dúdlik wat de oarsaak fan de brân west hat.