FIDEO: Motorkappekeunstwurk Drachten ropt mingde reaksjes op

Keunstwurk fan motorkappen
It keunstwurk fan 220 motorkappen yn de foarm fan in acht is freedtejûn om acht minuten oer achten ûnbleate yn Drachten. Yn it foar wienen der op ynternet mingde reaksjes te lêzen.
Minsken fine it hielendal neat of se fine it in oanwinst foar Drachten. By de ûntbleating wienen benammen entûsjastelingen. De presintaasje waard dien troch de berneboargemaster fan Smellingerlân en mei slachwurkers dy't de motorkappen brûkten as trommels.
It dada-monumint fan de keunstners Marten Winters en Daan Soer is in knypeach nei de auto's dy't op it plein ferbean binne. 'Prachtich', 'dapper voor Drachten' en 'net myn ding', waard der freed sein oer it wurk fan 8 meter 88 heech.