Joost op 1 yn Top 40: Europapa brekt rekôr nei rekôr

Joost Klein by de presintaasje fan 'Europapa'
Joost Klein by de presintaasje fan 'Europapa' © ANP
'Europapa' fan Joost Klein is op nûmer ien binnenkaam yn de Nederlânske Top 40, de wichtichste hitlist fan it lân. It is de earste kear sûnt 2006 dat in Fryske artyst yn dy list boppe-oan stiet.
De lêste kear wie Harold Verwoert fan Ljouwert, alias Coole Piet, mei it ferske 'Paniek in de Confettifabriek'.

Yn de fuotspoaren fan Adele

Ferline wike stie 'Europapa' noch net yn de list en dus sjit de songfestivalynstjoering fan Klein yn ien kear nei de kopposysje. De lêste kear dat dat barde, wie yn 2021 mei 'Easy on me' fan de Britske sjongeres Adele.
De lêste kear dat in Nederlânske artyst dit foar elkoar krige, wie yn 2013. Nick & Simon kamen doe op 1 binnen mei 'Julia'.
De Top 40 wurdt gearstald troch de Stichting Nederlandse Top 40. Hjirby wurdt it oantal kearen dat in ferske draaid wurdt by inkelde populêre radiostasjons, it oantal streams op ferskate streamingsplatfoarms en trends op social media meinaam.
'Europapa' is fierder it earste songfestivalferske ea dat yn ien kear trochstjit nei de kopposysje fan de list.
Yn totaal gienen tsien songfestivalferskes 'Europapa' foar as nûmer 1 yn de Top 40.

Songfestivalferskes op 1 yn de Nederlânske Top 40

Sandie Shaw 'Puppet on a string' (1967)
Cliff Richard 'Congratulations' (1968)
Vicky Leandros 'Après toi' (1972)
Cliff Richard 'Power to all our friends' (1973)
Brotherhood of Man 'Save your kisses for me' (1976)
Bucks Fizz 'Making your mind up' (1981)
Nicole 'Ein bisschen Frieden (1982)
Duncan Laurence 'Arcade' (2019)
S10 'De diepte' (2022)
Loreen 'Tattoo' (2023)
Joost Klein 'Europapa' (2024)
It sukses fan 'Europapa' bliuwt net allinnich beheind ta de Top 40. Ek op Spotify en YouTube docht it nûmer it goed.
Yn de perioade fan 1 oant 7 maart behelle 'Europapa' 6.210.532 streams op Spotify yn Nederlân. Nea earder kaam it foar dat in ferske yn Nederlân yn in wike tiid safolle streams hie op it muzykplatfoarm.
Joost Klein yn de klip
Joost Klein yn de klip © AVROTROS | Joost Klein | Eurovision Song Contest
Wrâldwiid is it ferske al mear as 9 miljoen kear beharke op Spotify.

Joost ferpulveret konkurrinsje op YouTube

Op it offisjele YouTube-account fan it Eurovisie Songfestival wie de fideo fan 'Europapa' de op-twa-nei meast besjoene fideo fan de moanne febrewaris. En dat wylst de fideo pas efkes foar 17.00 oere op 29 febrewaris de lêste dei fan dy moanne online kaam.
Yntusken is dy fideo 7,8 miljoen kear besjoen. Dat is fierwei it meast fan alle ynstjoeringen fan dit jier. Oekraïne komt mei 3,1 miljoen views noch it meast yn de buert fan Klein.
De organisaasje fan it Eurovisie Songfestival hat Israel offisjeel talitten ta de kompetysje. Eden Golan sil it ferske 'Hurricane' sjonge. Twa oare ynstjoeringen waarden ôfwiisd om't se in politike boadskip befetsje soenen.
Der is in soad krityk op dit beslút fan de organisaasje. In soad minsken fine dat Israel net meidwaan moatte soe yn ferbân mei de situaasje yn Gaza.
AVROTROS, de omrop dy't foar Nederlân ferantwurdlik is foar it songfestival, lit witte:
"Het is ook bij ons een onderwerp dat veel besproken wordt. We maken ons grote zorgen over de recente ontwikkelingen. Er is bij de EBU (de organisaasje, red.) een referentiegroep met daarin afgevaardigden namens alle omroepen. Hierin wordt het onderwerp besproken. Uiteindelijk wordt er vanuit deze groep al dan niet bepaald om wel/geen standpunt in te nemen."
De populariteit fan 'Europapa' soarget der lykwols noch net foar dat Klein boppe-oan stiet by de bookmakers om it festival te winnen. Wol is it ferske flink omheechgien.

Fiifde plak

Nei't 'Europapa' útkaam stie it ferske om it 21ste plak hinne. Yntusken stiet Klein fiifde by de wedkantoaren. Allinnich Kroäsië, Oekraïne, Switserlân en Italië steane noch boppe him. De winkâns fan Nederlân wurdt yntusken op sa'n fiif prosint rûsd.