ChristenUnie is in sit kwyt yn de Steaten: Margreet Jonker giet solo fierder

Margreet Jonker
Margreet Jonker © Gemeente Dantumadiel
Margreet Jonker hâldt har sit yn Provinsjale Steaten en giet fierder as ienpersoansfraksje. Se wie earder út de fraksje fan de ChristenUnie set.
It Steatelid út Westergeast waard yn july ferline jier skorst fanwegen in klacht yn de priveesfear. Dat gie oer hoe't sy omgien is mei in persoan dy't wer in klacht hie oer har partner. Wat de klachten krekt binne, is noait offisjeel bekend makke.
Jonker waard yn septimber út de fraksje set. Dat wie de útkomst fan in klachteproseduere. Dizze klacht tsjin Jonker wie yntsjinne by it bestjoer fan de Provinsjale Uny, it gearwurkingsferbân fan alle ChristenUnies yn de provinsje.
Dizze wike kearde de partij Jonker hielendal de rêch ta. It lanlike bestjoer fan de ChristenUnie hat har lidmaatskip ynlutsen. In beropskommisje besleat dat de CU-fraksje en it provinsjaal bestjoer prosedureel en ynhâldlik korrekt hannele hawwe.

Fan doel werom te kommen

Jonker siet sels sûnt har skorsing mei sykteferlof thús, mar wie fan doel om yn maart werom te kommen as Steatelid. Dat kin dus net mear ûnder de flagge fan de ChristenUnie.
In groep leden fan de ChristenUnie pleite just foar rehabilitaasje en hope dat op in provinsjale ledegearkomste foarinoar te krijen. Mar dat mocht net mear helpe, Jonker is har lidmaatskip kwyt.
It lanlik bestjoer hope noch oant dit momint ta dat Jonker har sit weromjaan soe oan de ChristenUnie, mar dat docht sy dus net. Jonker hat definityf besletten solo fierder te gean.
Yn It Polytburo, it politike programma fan Omrop Fryslân, sei se oer dat beslút: "Ik heb daar heel erg over nagedacht. Alles overwegende heb ik besloten toch in de Staten te blijven. Dat betekent dat ik zelfstandig doorga. Dat zal de lijst Margreet Jonker zijn."
Jonker seit wol fierder hannelje te wollen út de grûnbegjinsels fan de ChristenUnie wei. Sy wol ek noch altyd ynsette op mediation tusken har en de partij.

Koälysje behâldt wol mearderheid

De ChristenUnie hie oant no ta twa sitten yn Provinsjale Steaten. De fraksje hâldt noch ien sit oer, ynfolle troch Petra Ellens.
Omdat de ChristenUnie ek yn de koälysje fan Provinsjale Steaten sit, hat dy no ek in sit minder. De koälysje fan BBB, CDA, FNP en ChristenUnie hie 24 fan de 43 sitten. Dêr bliuwe no dus 23 fan oer.