Fersterking seedyk moat Flylân kommende 50 jier feilich hâlde

Dyk Flylân Dijk Vlieland
Ut de loft wei is it wurk oan de dyk goed te sjen © Omroep Zilt, Lennard Geerts
Op Flylân wurdt de kommende tiid wurke oan de Waadseedyk. De wurksumheden binne nedich om it eilân te beskermjen tsjin de see. Der is al tsientallen jierren neat dien oan de dyk.
"We zijn begonnen met het versterken van de dijk om de veiligheid van de bewoners te garanderen", fertelt David Kuipers, de omjouwingsmanager fan Rykswettersteat.
Seedyk Flylân wurdt fersterke
It doel is om de dyk sa te fersterkjen dat er noch minstens 50 jier meigean kin, rekken hâldend mei de stiging fan de seespegel. "We maken de dijk niet veel hoger, maar vooral sterker", seit Kuipers. "We gaan een beetje omhoog, maar vooral wordt hij breder."
It wurk oan de dyk soarget foar wat hinder foar de bewenners, benammen omdat de dyk in wichtich ûnderdiel is fan it doarp East-Flylân. As it wurk dwaande is, meie minsken net by de dyk komme fanwege de feiligens.
Dyk Flylân Dijk Vlieland
De Waadseedyk op Flylân wurd fersterke © Omroep Zilt, Lennard Geerts
De wurksumheden gean troch oant oktober, wat betsjut dat de dyk yn it toeristeseizoen folslein ticht is. Rykswettersteat hat maatregels naam, lykas it pleatsen fan buorden en stekken, mar der binne ek spesjale poarten pleatst yn de steechjes op it eilân.
Bewenners hawwe in kaai om de poarte iepenje te kinnen, om dochs by de achteryngong fan harren hûs te kommen. Sa kinne se bygelyks harren ôffalkontener oan de dyk sette. Toeristen kinne dit seizoen net by de dyk yn de buert komme.
Dijk Vlieland Dyk Flylân
De tydlike daam by Flylân © Omroep Zilt, Lennard Geerts
De oanfier fan sân en oare materialen kin net mei de gewoane fearferbining nei it eilân. De ynwenners soene dan tefolle lêst hawwe fan swiere frachtauto's troch it doarp.
Dêrom hat Rykswettersteat in tydlike ekstra daam yn de Waadsee oanlein dêr't skippen sân, klaai en oare materialen losse kinne.