Lieuwe Krol wol mei Novus reedrydwrâld feroarje: "It is wol in konservatyf wrâldsje"

Lieuwe Krol, direkteur fan Team Novus yn petear mei Indra Médard
Lieuwe Krol, direkteur fan Team Novus yn petear mei Indra Médard © Orange Pictures
Hy wol mei sa'n acht oant tolve reedriders nei de Olympyske Spelen fan 2026. En it leafst mei riders út lytse lannen. Lieuwe Krol is direkteur fan Team Novus en sûnt oardel jier dwaande. "It reedriden moat net it kuorbal fan de wintersporten wurde."
Yn 2022 wie Krol direkteur by de Tall Ships Races, doe't er frege waard om te helpen mei in nije reedrydploech. "Ik sei: nee, dat is neat foar my. Boppedat ha ik neat mei reedriden. Sterker noch, ik fyn it faak wat saai."

Jonge minsken mei ambysje

Dochs gong er yn petear. Mei de Australyske coach Daniel Greig en mei reedriders as Ellia Smeding en Cornelius Kersten. "Dan sitte der allegear jonge minsken mei ambysjes en entûsjasme. Dy wolle nei de Spelen. Dan tinkst: it is ek wol moai om dy minsken te helpen."
En sa is Krol de reedrydwrâld ynstapt. "Dus doe ha we sein: ik help jimme, mar we meitsje mar ien ôfspraak. As jimme tinke dat jimme neat mear oan my ha, dan hâlde jimme op en as ik der neat oan fyn, dan hâld ik ek op. En no binne we oardel jier fierder en is it hartstikke leuk."
Team Novus (Latynsk foar 'nij') bestiet út twa teams. In ûntwikkelingsteam fan sân reedriders en in haadploech mei acht riders:
  1. Dione Voskamp (Nederlân);
  2. Naomi Verkerk (Nederlân);
  3. Vanessa Herzog (Eastenryk);
  4. Ellia Smeding (Grut-Brittannië);
  5. Cornelius Kersten (Grut-Brittannië);
  6. Sandrine Tas (België);
  7. Mathias Vosté (België);
  8. Odin By Farstad (Noarwegen).
Team Novus is ûnderbrocht yn in stichting ("wy binne gjin kommersjele ploech"). Krol begeliedt de riders foaral op kommersjeel mêd en mei it regeljen fan allegear saken.
Ferline jier wie it doel fan de stichting om reedriders yn de top-acht fan de wrâld te krijen. Dan krije se fan it nasjonale bûn in finansjele bydrage om fan te libjen. "En sa besykje we dêr wat sponsoaren by te sykjen, sadat se derfan libje kinne."

Nei in jier team flink útwreide

Ferline jier begûnen se it team mei Greig as coach en dat late ta goeie resultaten. Meardere riders einigen yn de top-acht, mar dat net allinnich. Herzog pakte sulver op it WK op de 500 meter en Kersten brûns op de 1.000 meter.
"It gong bêst goed, mar it wie allegear te folle. Dus ha we sjoen nei wat we noch mear nedich ha", seit de ynwenner fan Beetstersweach.
Sa ha se it team útwreide. Ald-maratonrinner Michel Butter kaam derby as fysike coach, âld-reedrider Thomas Geerdinck naam fasilitêr en technyske saken op him en Michel Mulder waard performance coach. Yn 2014 waard Mulder noch olympysk kampioen op de 500 meter.
Krol: "We ha no in hiel aardige ploech, dêr't guon oaren ek wol wat jaloersk op binne."
It doel fan Krol en Novus is net allinnich om harren riders op de Spelen te krijen. "Us doel is om lytse lannen te helpen. Want we tinke dat dat goed is foar de sport. We moatte derom tinke dat it reedriden net it kuorbal fan de wintersporten wurdt."
Krol fynt dat de reedrydsport him ûntwikkelje moat. "De glâns fan in medalje wurdt ek grutter as konkurrinsje grutter wurdt."

Eigen ferantwurdlikheid

Om dat doel te berikken, jouwe se harren sporters de frijheid om te sjen hoe't se traine. Krol wol se selsstannich meitsje. "Daniel Greig sei dat der riders binne dy't al hiel jong by in team kamen en as se dan ophâlde, dan witte se net iens hoe't se in treinkaartsje keapje moatte. Datsoarte atleten woe hy net ha. Dat fûn ik hiel moai."
De trainers kinne harren riders mei eigen apps en trainingsskema's folgje, mar se kinne sels bepale hoe en wêr't se it dogge. "Dat freget in soad dissipline fan se, mar dat is wol wat we dogge."
It is wat in konservatyf wrâldsje.
Lieuwe Krol oer it reedriden
Krol is yn ús provinsje foaral bekend út de kulturele wrâld. Sa is er dus direkteur fan de Tall Ships Races, mar hy wie ek ûnderdiel fan de organisaasje dy't him dwaande hold mei de legacy fan Kulturele Haadstêd 2018.
As bûtensteander kaam er yn de reedrydwrâld en it fernuvere him wolris hoe't it giet yn dizze sport. "It is wol wat in sletten wrâldsje. De ploegen sjogge hiel bot nei inoar, prate ek oer inoar en net altyd like posityf. It is wat in konservatyf wrâldsje. Doe't wy Michel Butter út de atletyk hellen, hearden we dat dat flauwekul wie."

'Vreemde eend'

Sa fernimt Krol wol dat der sa no en dan frjemd nei syn ploech sjoen wurdt. In foarbyld is dat reedrydbûn KNSB net wol dat Novus traint op de topsportoeren yn Thialf.
"Wy binne ek wat in 'vreemde eend in de bijt'. Ek foar de KNSB. Wy ha ek sein dat we net as kommersjele ploech yn de piramide wolle. Want wy tsjinje meardere nasjonale bûnen. Mar we fernimme ek dat se tinke: wat moatte we mei dy lju?"
Lieuwe Krol by it Thialf-stadion
Lieuwe Krol by it Thialf-stadion © Orange Pictures
Krol wol de reedriders yn syn team stypje en se úteinlik nei de Olympyske Spelen fan 2026 yn Milaan helpe. "Ik wol neat helje. Ik doch it sa lang ik it leuk fyn. Myn doel is om mei acht oant tolve riders nei Milaan te gean. As dat slagget, soe dat hiel moai wêze. Mei lytse lannen nei de Spelen."
En as him dat slagget, dan wit er wat er docht. "Dan hâld ik op, want dan is it hielendal slagge. Dan is trije jier lang genôch."