Konflikt mei ChristenUnie is net mear te lymjen: “Ik wil laten zien dat ik integer ben”

Margreet Jonker yn It Polytburo
Margreet Jonker yn It Polytburo © Omrop Fryslân
Steatelid Margreet Jonker begrypt net dat de ChristenUnie har gjin romte joech om de fertrouwensbrek tusken har en de partij te lymjen. No sil sy allinne fierder. "Ik geloof niet dat ze dat leuk vinden, maar zo is het."
It skeel tusken Jonker en har eardere partij de ChristenUnie spilet al moannen. De kwestje is prekêr en foar de bûtensteander yngewikkeld, mar it waard heech opspile.
Jonker wie as Steatelid aktyf foar de ChristenUnie, oant sy july ferline jier op non-aktyf steld waard. De reden wie it net-melden fan in klacht oer har partner, dêr't Jonker sûnt febrewaris fan wist. Oer de ynhâld fan de klacht is noait offisjeel wat bekend makke.
"Ik ga niet in op de aard ervan. Want dat is ook niet wat de ChristenUnie mij verwijt", seit Jonker. "Dat is iets wat mijn partner betreft, wat zich al 17 jaar geleden heeft voorgedaan en waar ook geen bewijs voor is."
Margreet Jonker beskôge it as in klacht yn de priveesfear fan har man
Dêrom besleat sy har partij net op 'e hichte te bringen. "Dat heb ik niet gedaan. Deels is omdat ik best geschrokken was van wat ik hoorde", seit sy. Boppedat fregen de ferkiezingen en de oanfolgjende formaasje op dat stuit in soad omtinken.

It betrouwen skeind

"Uiteindelijk vindt de ChristenUnie dat dit een verkeerde inschatting is geweest", seit sy. Wat folge wie in skorsing yn july, wêrnei't sy yn septimber út de fraksje set waard en dizze wike sels folslein royearre waard as lid fan de partij.
Dat docht sear, jout Jonker oan. "Dat vind ik lastig. Ik ben al 40 jaar lid van deze partij." Mar de ChristenUnie fynt dat it betrouwen skeind is. "Ik heb steeds gezegd dat ik dat vertrouwen graag wil herstellen. Daar is wat mij betreft ruimte voor."
De opstelling van de ChristenUnie docht sear: "Ik ben er bijna mee getrouwd"
De ChristenUnie oardiele lykwols oars. Dêrop folge flink wat toulûkerij oer de proseduere en it net melden fan de kwestje. "Ik moet eerlijk zeggen dat ik achteraf best wel eens heb gedacht: waarom heb ik dat niet gedaan?"
Jonker is fan betinken dat in oplossing mooglik wie. "Dan had ik ook niet het bastion beklommen om aan te geven dat ik in mijn recht stond."

Soer en muoilik

Dat it sa einigje moat, neamt Jonker 'zuur'. Hielendal om't it yn begjinsel net har, mar har partner oanbelanget.
"Dat is voor mij moeilijk. Ook voor mijn partner, laten we eerlijk zijn. Maar daar gaat het niet om. Het gaat om hoe ik met die klacht om ben gegaan, daar wil ik mij voor verantwoorden."
Yn It Polytburo beprate presintatoaren Andries Bakker en Eric Ennema alle wiken mei in gast aktuele tema's yn de polityk. Sjoch hjir nei de folsleine útstjoering mei Margreet Jonker.
Jonker jout ta somtiden it smoar wolris yn te hawwen. "Niets menselijks is ons vreemd. Ik denk dat heus wel eens. Maar uiteindelijk gaat het erom dat we het goede in elkaar zoeken."

"Alleen maar verliezers"

Lanlik partijfoarsitter Ankie van Tatenhove ferklearre earder de situaasje likegoed te betreurjen. It soe in kwestje mei 'alleen maar verliezers' wêze.
De Fryske fraksje fûn dat Jonker har leauwensweardichheid faai stie: sy koe sa net mear út namme fan de partij funksjonearje. Undersyk binnen de partij stelde de fraksje yn it gelyk. Dêrom rekkene de ChristenUnie der ek noch altyd op de sit werom te krijen.
Jonker wie fan doel werom te kommen yn de Steaten, mar har idee wie wol om dy rentree as ChristenUnie-lid te meitsjen. No't dat net kin, hâldt sy har sit. Jonker giet as ienpersoansfraksje fierder.
Margreet Jonker leit út wêrom't se besletten hat solo fierder te gean
Sy seit dêroer: "Ik ben gevraagd voor de kieslijst van de ChristenUnie. Ik ben ongevraagd uit de fractie gezet. Dan kan ik ook niet anders dan zelfstandig doorgaan."
Jonker seit tankber te wêzen foar de stipe dy't se fan in part fan de Fryske ChristenUnie-leden noch wol krijt. 'Lijst Margreet Jonker' wol op in transparante wize fierder. "Ik wil ook in de komende drie jaar laten zien dat ik een integere politica ben."
Ik ben niet een andere Margreet dan een jaar geleden.
Steatelid Margreet Jonker
Steaten en koälysje kinne rekkenje op ien dy't hanneljen bliuwt út de grûnbegjinsels fan de ChristenUnie wei, seit Jonker wol. "Want ik ben niet een andere Margreet dan een jaar geleden."
De cartoon fan Gerco van Beek
De cartoon fan Gerco van Beek © Omrop Fryslân