Cambuur mei 6 miljoen euro liene foar stadion: gemeente definityf akkoart

It nije stadion fan Cambuur yn oanbou
It nije stadion fan Cambuur yn oanbou © Omrop Fryslân, Frouke Pekema
Gemeente Ljouwert jout fuotbalklup Cambuur in liening fan 6 miljoen euro. Dat hat de ried no definityf bepaald. It jild is bedoeld foar it ôfbouwen fan it nije stadion. De klup moat it bedrach de kommende 30 jier werombetelje.
De gemeenteried koe ek hast net oars. In 'nee' tsjin it fersyk fan Cambuur om in liening fan 6 miljoen euro hie sa folle konsekwinsjes dat it eins gjin opsje wie. Dêr waard dan ek unanym foar stimd.

Koe net oars

Gefolch hie nammentlik west dat de ûntwikkeling oan it Elfstedenpark stilfallen wie, om't it stadion sûnder jild net ôfboud wurde koe. Dêrtroch soe Cambuur langer yn it âlde stadion fuotbalje moatte, mei in soad negative gefolgen foar de klup.
De folsleine kosten foar de ôfbou fan it stadion binne 21,3 miljoen euro. Cambuur wie ôfrûne moannen noch op syk nei 13,75 miljoen dêrfan.
Foar 6 miljoen waard in liening oanfrege by de gemeente. De klup wie sels ferantwurdlik foar it op it kleed bringen fan sa'n 7,75 miljoen euro.
Yn in gearkomste mei de gemeenteried op 28 febrewaris sei direkteur Ard de Graaf dat de klup dat bedrach rûn hie. Dêrby giet it om in kombinaasje fan koartingen, sponsorjild en lease yn stee fan oanskaf.
Dêrmei soe de ûntwikkeling fan it gebiet op de hjoeddeiske lokaasje, in plan foar 500 wenningen (better bekend as Nieuw Oud Oost), foarearst ek net trochgean.
Dat nimt net fuort dat de ried tige kritysk is op it ferlienen fan de liening, sa die ek ferline wike by it riedsdebat noch bliken. Dy krityske lûden wiene ek moandeitejûn wer te hearren.

Rapper ôflosse

Sa wie in mearderheid fan de ried foar in moasje oer fersnelde ôfbetelling fan de liening, yntsjinne troch GrienLinks, PvdA en it CDA. Dat betsjut dat it kolleezje om tafel moat mei de klup om alle mooglikheden te ûndersykjen om de 6 miljoen earder werom te beteljen as oer 30 jier.
Boppedat waard in moasje fan D66 oannaam dat der foarearst gjin jild beskikber komme mei foar in trainingskompleks foar Cambuur.
Mar ûnder oan de streek is de konklúzje, ek fan de gemeenteried en it kolleezje, dat Cambuur en de gemeente ta elkoar feroardiele binne yn it stadiondossier.