Liveblog | 8 maart

112-nijs 8 maart: Skea grut nei brân Frjentsjer

Hjir hâlde we dy op de hichte fan it 112-nijs yn Fryslân.

Lêst bywurke: 8 maart, 20:47
20:47

Skea grut nei brân Frjentsjer

Lennard
Der is net folle mear oer fan de loads © Omroep Zilt, Lennard Geerts
De brânwacht is noch hieltyd dwaande mei neiblussen yn Frjentjser. In wurdfierder koe net ynskatte hoe lang't dat noch duorje soe.
Der is net folle mear oer fan de loads.
20:12

Fonkerein by skoarstienbrân yn Harkema

Harkema
By de skoarstien is it fjoer te sjen © SR Fotografie
In klapperjend lûd alarmearre bewenners fan in hûs yn Harkema, en ienkear bûten wie it gau dúdlik: der wie brân yn de skoarstien.
De brânwacht is de mei in heechwurker by kaam en hat it fjoer útmakke en de skoarstien rage.
19:25

Eask: finzenisstraffen foar wapene oerfal Snits

It Iepenbier Ministearje hat finzenisstraffen easke tsjin trije manlju op fertinking fan in wapene oerfal yn novimber 2022 yn Snits.
Under bedriging fan fjoerwapens en in mes is it slachtoffer berôve fan syn jas, jild, bankpassen, telefoans en klean. De easke straffen binne tusken de fjouwer en fiif jier. De rjochtbank docht oer twa wiken útspraak.
19:23

Plysje sjocht drugsdeal fanút auto

Plysjes ha by Quatrebras twa mannen oanholden, dêr't se fan sjoen hieden dat se yn Ljouwert mooglik drugs ferkochten fanút in auto. De mannen binne 19 en 21 jier âld, en komme beide út Gouda.
Yn de auto fan de mannen binne ferskate boltsjes fûn. Nei alle gedachten giet dan om kokaïne en heroïne.
18:53

'Brand meester' yn Frjentsjer

LJG
De skea is grut © Omroep Zilt, Lennard Geerts
Yn Frjentsjer is it sein 'brand meester' jûn. Dat betsjut dat de earste brânwachtminsken wer werom kinne nei de kazerne. Dat meldt de brânwacht.
"Het nablussen en de daarvoor benodigde sloopwerkzaamheden, zullen nog enige tijd in beslag nemen", meldt in wurdfierder.
18:34

Brânwacht: Twa minsken yn gebou

Brânwacht: Twa minsken yn gebou
Doe't de brân útbruts, wiene der twa minsken yn it gebou. Dy binne der feilichg útkaam. Dat seit de brânwacht. Dy skaalde gau op om genôch brânwachtminsken nei Frjentsjer te krijen.