Rebûlje op Skylge noch net foarby: opposysje besiket wethâlders fuort te stjoeren

Riedslid Gossen Bos
Riedslid Gossen Bos © Omroep Zilt, Lennard Geerts
De politike ûnrêst op Skylge is noch hieltyd net folslein fuort. By de riedsgearkomste fan woansdeitejûn krige in moasje fan wantrouwen tsjin de beide wethâlders krekt gjin mearderheid.
De twa wethâlders, Jeltje Hoekstra-Sikkema en Gea van Essen, waarden by de riedsgearkomste ûnderfrege oer it ferbetterjen fan de ferhâldingen.

Politike krisis net oplost

Kommissaris fan de Kening Arno Brok ynformearre de rie dat de politike krisis net direkt oplost wie nei it fuortgean fan boargemaster Caroline van de Pol.
"Het zou naïef zijn te veronderstellen dat het vertrek van de burgemeester de oplossing voor alles is", skreau Brok oan de ried. "Ik nodig u daarom uit om door te gaan met het verbetertraject en de samenwerking tussen bestuursorganen en de ambtelijke organisatie verder te bevorderen."

Dossiers oerdrage

De opposysjepartijen sprutsen twivels út oer it funksjonearjen fan beide wethâlders. "Er lijkt weer een soort arrogantie naar boven te komen waar we moeite mee hebben", seit PvdA-fraksjefoarsitter Jan-Willem Adams. "Het gebrek aan zelfreflectie is zorgwekkend."
Ek Samen Terschelling is net tefreden. "We zien dat u steeds de bal naar ons terugkaatst", seit Gossen Bos fan dy partij. "Het wordt tijd dat u in de spiegel kijkt, maar dat gebeurt maar niet."
Ien fan de oplossingen dy't Bos foarstelt, is it oerdragen fan in tal dossiers oan de boargemaster. Dêrtroch soenen de wethâlders minder wurkdruk hawwe. Dy hege wurkdruk feroarsaket neffens Bos dat de ynformaasje út it kolleezje no fan in lege kwaliteit is.
De rie fan Skylge
De rie fan Skylge © Omroep Zilt, Lennard Geerts
"Wij staan open voor een constructief gesprek met de raad", reagearre wethâlder Hoekstra-Sikkema. "We zijn bereid om de portefeuilles opnieuw te verdelen, maar dat moeten we samen doen."
"We willen deze periode graag afsluiten en ons gewoon concentreren op ons werk. Het is zwaar voor ons allemaal", sei se.

Eardere moasjes

Dêrnei tsjinnen de opposysjepartijen Samen Terschelling, PvdA en it CDA in moasje yn om opnij it fertrouwen yn de wethâlders op te sizzen. Yn maaie 2023 krige wethâlder Hoekstra-Sikkema in moasje fan treurnis fan de gehiele rie fanwegen in gebrek oan kommunikaasje oer de ferbouwing fan de haven.
Yn augustus fan datselde jier tsjinnen de opposysjepartijen in moasje fan wantrouwen yn tsjin Hoekstra-Sikkema fanwegen problemen mei it projektteam by de havenûntwikkelingen. Ofrûne desimber kaam der út de opposysje wei in moasje om it folsleine kolleezje fuort te stjoeren.
En no dus ien rjochte tsjin beide wethâlders.
We zullen de motie van wantrouwen niet steunen, maar er moet wel op zeer korte termijn verbetering komen.
René Bultena fan koälysjepartij Plaatselijk Belang Terschelling
De koälysje begrypt de moasje. "Hoewel we het niet volledig eens zijn, erkennen we dat het college niet optimaal functioneert", reagearre René Bultena fan Plaatselijk Belang Terschelling.
"We zullen de motie van wantrouwen niet steunen, maar er moet wel op zeer korte termijn verbetering komen." De belangrykste reden om de moasje net te stypjen, is it feit dat Roel Cazemier noch mar krekt begûn is.
"Wij vinden het te vroeg om nu al te zeggen dat ze moeten vertrekken", konkludearre Danny Ruige fan de VVD. De moasje helle it krekt net, mei fiif stimmen foar en seis stimmen tsjin.