HEA! Krêftpatser op leeftiid fêstiget rekôr

HEA! Krêftpatser fan 76 jier
Noch mar in pear moanne dwaande, en no al set de 76-jierrige Johan Velting in offisjeus Nederlânsk rekôr fan 172,5 kilo gewichtheffen del. De Boalserter traint alle wiken mei in groepke senioaren yn de krêftskuorre fan Wout Zijlstra yn Folsgeare.
Velting hat fan allerhande sporten dien, mar de krêftsport kaam pas op syn 70ste yn byld. Earst die hy oan bankdrukken, dêr't hy al gau Frysk kampioen yn waard. En no dus it deadliften, nettsjinsteande de hertproblemen dy't de Boalserter hat.
Wout Zijlstra wol Velting no eins ynskriuwe by it bûn, sadat hy meidwaan kin oan in wedstriid en it rekôr offisjeel fêstige wurde kin.