Femke Kok sjocht harsels net as favoryt foar WK sprint: "Takagi is de grutste kânshawwer"

Femke Kok, WK sprint, reedriden
Femke Kok yn Inzell © Orange Pictures
Noch noait wûn in Fries de wrâldtitel sprint. Femke Kok kin de kommende dagen de earste wurde. Se is ien fan de favoriten foar de oerwinning, al fynt se sels dat in oar dat is. "Miho Takagi is de grutste kânshawwer."
Friezen kamen noait fierder as it winnen fan sulver op it wrâldkampioenskip sprint, dat foar it earst organisearre waard yn 1970. Atje Keulen-Deelstra waard twa kear twadde (1973 en 1974), Haitske Pijlman fan Grou pakte yn 1977 brûns.
Dêrnei kamen Ireen Wüst (sulver yn 2007) en Margot Boer (brûns yn 2011) noch yn de buert, mar goud foar in Fries kaam der noait.
Femke Kok: "Oh echt? Nul kear goud? No, it soe moai wêze as my dat oait slagget."

Titel foar Kok soe de fjirde foar Nederlân wurde

Nederlân hat sawysa net hiel suksesfol west op it WK sprint. Marianne Timmer (2004), Jorien ter Mors (2018) en Jutta Leerdam (2022) slaggen der wol yn te winnen.
Al boeit Kok dat ek net echt. "Ik bin net sa fan de statistiken, moat ik sizze."
Femke Kok oer it WK sprint
Ien kear earder die de no 23-jierrige Kok mei oan it WK sprint. Yn 2022 waard se twadde. It toernoai wurdt sûnt 2020 eltse twa jier organisearre yn stee fan elts jier. Dat fynt Kok wol spitich.
"It is wol in bysûnder toernoai. Faak giet it om ien ôfstân. Omdat it no oer fjouwer ôfstannen giet, is dat wol spesjaal. Dêrom fyn ik it ek wol spitich dat it net elk jier is. Want ik fyn it hiel leuk om sa'n toernoai te riden."
Ik tink dat de druk foaral by Takagi leit.
Femke Kok
Op it lêste toernoai waard Kok dus twadde efter Leerdam. Dy is dit seizoen wat minder en dus is Kok miskien wol dé favoryt?
"Ja, mar Miho Takagi docht ek mei. En ik achtsje har de grutste kânshawster. Sy rydt supergoeie tûzen meters. En se kin ek in hiel goeie 500 meter ride. Dus dy sjoch ik as myn grutste konkurrint."

Gat slaan op de 500 meter

Leerdam is mei troch in ankelblessuere dit seizoen wat minder. Al like se op it WK ôfstannen fan trije wiken lyn wer better yn foarm. "Ik wit net wat Jutta docht. As se har âlde foarm hat, is se fansels hiel goed. Mar ik ha dit seizoen al meardere kearen sjen litten dat ik in gat slaan kin op de 500 meter. Dus dat is wol yn myn foardiel."
Dochs besiket Kok de favoriterol yn de skuon fan har Japanse konkurrinte te skowen. "Ik tink dat de druk foaral by Takagi leit. Ik soe net witte wat foar 500 meter se yn de fuotten hat. Mar ik ferwachtsje in hiele goeie. As se har dêrop fokusset, rydt se faak in hiel goeie 500 meter."
Ellia Smeding, WK sprint, reedriden
Ellia Smeding © Orange Pictures
Neist Femke Kok docht der noch in Fries mei oan it WK sprint: Ellia Smeding. Se groeide op yn Harns, mar waard berne yn Ingelân en rydt foar Grut-Brittannië.
Se kin sels net sa goed oanjaan wat we fan har ferwachtsje meie. De bêste ôfstannen fan de 24-jierrige Smeding binne de 1.000 en 1.500 meter. Mar der wurdt by in sprinttoernoai gjin 1.500 meter ôfwurke.
Wol in 500 meter. "Die 500 meters zijn niet helemaal mijn ding", seit Smeding. "Maar ik denk dat je best wel ver kunt komen door constant te rijden. Ik moet op de 1.000 meter lekker meedoen."
Wêr't dat yn resultearret, sjocht Smeding wol. "Ik moet gewoon genieten van mijn laatste toernooi van het seizoen en dan zie ik wel waar het schip strandt." Twa jier lyn waard de rydster fan Team Novus op har earste WK sprint njoggende.
Ellia Smeding is net dwaande mei in klassearing op it WK sprint
Werom nei Kok. Dat sy, as wrâldkampioen op de 500 meter, op de koartste ôfstân goed is, dat witte we. Mar hoe goed is se eins noch echt op de 1.000 meter?
Op it NK ôfstannen foel se op de 1.000 meter. Dêrtroch mocht se op it WK ôfstannen net meidwaan op dy ôfstân. No wol se har graach revansearje.
"It gong fansels it hiele seizoen goed. Mar de fal op it NK makke it wat minder. Ik bin wol ekstra motivearre om my sjen te litten. Ik hoopje dit wykein sjen te litten dat ik in goeie 1.000 meter yn my ha."

WK sprint of WK ôfstannen?

In wrâldtitel op de 500 meter hat se dus al binnen. Al twa fansels, want dy helle se foarich jier ek. Mar wat stiet der heger op har listke? Sa'n WK-titel op de 500 meter of in titel op it WK sprint? "Beide is moai, mar ik hoopje no wol it WK sprint te winnen, want dy ha ik noch net."

Earst sprinte, dêrnei allrounde

It wrâldkampioenskip sprint begjint tongersdeitejûn. Dan ride de dielnimmers in 500 meter en in 1.000 meter. In dei letter dogge se dat op 'e nij en dan wurdt út it klassemint dúdlik wa't him wrâldkampioen sprint neame meie.
Sneon begjint dan it folgjende toernoai yn it Súd-Dútske Inzell: it wrâldkampioenskip allround. Ek dêr dogge twa Friezen mei, dy't kânshawwer binne foar in medalje.
Antoinette Rijpma-de Jong helle al fjouwer kear brûns op it WK allround en wol no ris in oare kleur. Foar Marijke Groenewoud wurdt it har debút.