Undersyk wiist út: hout helpt it ûnderwetterlibben yn it Waad

Keunstrif3
Sterre Witte (NIOZ, links op de foto) sjocht dat der in bulte sân yn dizze koai bedarre is © Omrop Fryslân/Remco de Vries
It ferskaat oan libben yn de Waadsee nimt ta as je ûnder wetter hout of oare hurde materialen dellizze. Dat docht bliken út in twajierrich ûndersyk by Flylân fan Sterre Witte fan it Koninklijk Nederlands Instituut voor Onderzoek der Zee (NIOZ). Sy hat koartlyn har ûndersyk publisearre.
It ûndersyk is ûnderdiel fan it projekt Waddenmozaïek wêryn't it NIOZ, de Rijksuniversiteit Groningen, Rijkswaterstaat en Natuurtmonumenten gearwurkje. Undersiker Sterre Witte wurke mei grutte oantallen koaikes op de seeboaiem mei dêryn bygelyks hout of stien.
Witte: "We hebben zes verschillende materialen getest en we zagen dat de verschillen tussen de materialen en de waddenbodem erg groot waren, maar de verschillen tussen de materialen die we hebben geprobeerd, waren relatief klein. Wel zagen we dat op hout meer mosselen zaten."
Keunstrif2
In keunstrif © Omrop Fryslân/Remco de Vries
"We hebben een soort boomstammen en takken in het water gelegd in een kooi van een vierkante meter" leit Witte út. "En in de ruimtes die daar ontstonden, zagen we ook veel vis."
Dat is wichtich, stelt Witte: "Natuurorganisaties en beheerders willen graag weten hoe we de onderwaternatuur van het Wad kunnen verrijken. De manier om dat te doen, is dus het creëren van dit soort onderwaterrifjes."

"Veel harde materialen"

Soks heart ek echt thús op it Waad, sa seit sy: "Wat veel mensen niet meer weten, is dat er van nature veel harde materialen plaatselijk voorkwamen in de Waddenzee. Dan kan je denken aan schelpenbanken van kokkels die bijvoorbeeld gestorven zijn of oude oesterbanken."
Keunstrif6
In see-egel op it hout © Omrop Fryslân/Remco de Vries
"Maar ook zwerfkeien", giet se fierder. "Die zie je tegenwoordig veel in tuinen. Als ze opgevist worden, worden ze mee naar huis genomen. Of ook drijfhout dat vroeger via de rivieren in de Waddenzee kwam."
Hout helpt it libben ûnder wetter yn it Waad
Dizze ûndersyksresultaten bedarje dus ek by bygelyks Rijkswaterstaat as behearder fan it wiete Waad. "Het is aan de beheerders of beleidsmakers om te bedenken waar we dit willen toepassen. Het hoeft ook niet per se hout te zijn. Je kan bijvoorbeeld ook zwerfkeien terugbrengen. Dat kan ook een belangrijke maatregel zijn."

Soarterykdom

Mar it ûndersyk hat beheinings yn hoe lang it duorre en hoe grutskalich it wie. "We hebben nu gekeken naar een schaal van één vierkante meter. Dus ik kan dat niet extrapoleren naar hoe dat op grote schaal zou gaan gebeuren", seit Witte.
"We hebben dit experiment twee jaar gedaan en binnen die twee jaar zagen we het tweede jaar al veel meer soorten dan het eerste jaar. Dat geeft wel aan dat de soortenrijkdom toe zal blijven nemen."