Frijwilligers eare by 200-jierrich bestean KNRM: "Se krije noch hieltyd 1,25 euro deis"

Redders op zee
Frijwilliger Aleid Boomsma by de portretten © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
Rêder by de KNRM binne je net foar de fergoeding, mar omdat je it graach wolle. "Je ha it gefoel dat it famylje is en dat je it mei syn allen dogge", seit Aleid Boomsma. Sy is ien fan de frijwilligers dy't ferivige binne yn de tentoanstelling 'Redders op zee'.
Dy eksposysje yn it Fries Scheepvaart Museum yn Snits is in oade oan alle frijwilligers fan de Koninklijke Nederlandse Reddingmaatschappij. Dy bestiet 200 jier en yn gearwurking mei fjirtjin maritime musea binne der no tentoanstellingen.
"It earbetoan sjogge we werom yn de portretfoto's", seit konservator Erik Betten. "Mar ek yn de foto's fan de rêdingstasjons oan de Fryske kust. Dy binne yn grut detail en ek leuk om te besjen."
Der binne net allinnich foto's te besjen, mar ek modellen fan rêdingsboaten. Sels it hiele rêdingstasjon fan Hylpen is neiboud.
Redders op zee
It rêdingstasjon fan Hylpen is neiboud © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
Aleid Boomsma fan De Lemmer is dus ien fan de frijwilligers dy't op de foto's stiet. "It is in prachtige foto wurden", seit se by har portret. Se fynt it belangryk dat oerkomt dat it frijwilligerswurk is.
"Frijwillich, mar net frijbliuwend en ek sûnder oerheidsstipe. Wy binne ôfhinklik fan donateurs en frijwilligers." Boomsma hopet dat dêr troch de tentoanstelling mear fan komme.
In oade oan de KNRM-frijwilligers: "Dat gefoel is hiel spesjaal"
De rêders krije wol in symboalyske fergoeding. Yn 200 jier tiid is dy fergoeding nea feroare. "Hjoed-de-dei krije de rêders fan de KNRM noch hieltyd 1 euro 25 deis", fertelt konservator Betten.
"Dêr sprekt de belutsenheid fan de minsken út. Dat se it net om de fergoeding dogge, mar om it wurk en it belang dat dat hat."
Je dogge it dus net foar de fergoeding, mar omdat je it hiel graach wolle, jout Boomsma oan. "Je hawwe it gefoel dat it famylje is en dat je it mei syn allen dogge. As wy as Lemsters op Skylge komme, gean we altyd even nei it stasjon foar in praatsje."
"It fielt sa: do bist KNRM'er, ik bin KNRM'er en dat gefoel is hiel spesjaal."
Elk fan de 14 Nederlânske maritime musea hat sa syn eigen tentoanstelling mei objekten en foto's dy't de histoarje fan de KNRM yn de regio sjen lit. Dy fan it Fries Scheepvaart Museum yn Snits is oant en mei 30 juny te sjen.