Bysûnder wersjen: hûn Loki nei seis jier werom by Dútsk baaske

Hûn Loki sjocht nei seis jier syn Dútske baaske wer Muriel Meij De Wissel
Loki besiket te achterheljen wêr't de stim fan syn baaske wei komt © Omrop Fryslân
In bysûndere reüny by diere-asyl De Wissel yn Ljouwert. Hûn Loki, dy't dizze wike binnen brocht waard, bliek al seis jier fermist yn Dútslân. Loki syn oarspronklike baaske komt him takom wike opheljen.
"Bring den Ball. Super machst du das", klinkt der oer it útlitfjild fan De Wissel. "Loki heeft mazzel dat ik lang in Duitsland heb gewoond", seit Meij. "Hij kent een aantal Duitse basiscommando's." De hûn ken nei syn ferbliuw yn De Wissel no ek in pear Nederlânske, mar it Dútsk reagearret hy it bêste op. "Sehr gut, Loki!"
Loki hat yn it ferline in hiele reis ôflein: fan Essen yn Dútslân nei Ljouwert. Yn totaal sa'n 280 kilometer. "Loki is ooit geboren in in Essen en is daar ook geadopteerd", fertelt Meij. "De eigenaar moest verbouwen en heeft Loki tijdelijk teruggebracht naar de fokker."

Fermist

Doe't Björn, de eigener, Loki wer ophelje woe, wie hy fuort. Björn joech Loki as fermist op. "Wat er precies is gebeurd, is niet duidelijk. Maar daarna is Loki in Duitsland door iemand anders weer gekocht. Die meneer is naar Leeuwarden verhuisd."
Dat nije baaske koe spitigernôch net mear foar Loki soargje en hat him ôfstien. Sa kaam Loki by De Wissel telâne. "Toen we de chip uitlazen, zagen we dat het een Duitse chip was. We namen contact op met Tasso, de Duitse chipregistratiebank." Dy belle Björn wer, want syn namme en telefoannûmer stiene op de chip.
Björn, dy't Loki krige as pup, hie nea ferwachte dat er Loki nei al dy jierren wer werom sjen soe. "Hij had de hoop eigenlijk opgegeven. Hij was zeer verrast toen hij werd gebeld. Hij huilde tranen van vreugde toen hij hoorde dat Loki nog leefde", fertelt Meij.
Hy hie noch foto's fan Loki doe't er by him wenne. Dy stjoerde hy nei Muriel, wêrnei't sy fuort yn de gaten hie dat it echt Loki syn oarspronklike baaske wie. Wat foar hûn Loki is? "Een mixje. Er zit wat herdershond in, maar er wordt ook gezegd kooiker. Van alles wat. Maar fluffy is wel de juiste benaming", laket Meij.
Het baasje werd heel emotioneel. Echt een kippenvelmoment
Muriel Meij
"Hallo, Loki. Wo ist er denn?", seit Björn oer in fideoferbining. Loki heart it net, want hy is oan de oare kant fan it fjild oan it graven yn it sân. "Ah, am buddeln!", seit Björn.
Dat Loki Björn ek net fergetten is, waard dúdlik doe't de twa foar it earst wer fideobellen. "Loki hoorde zijn stem en reageerde dolenthousiast. Hij pakte de bal om te spelen en keek waar het geluid van zijn oude baasje vandaan kwam", seit Meij. "Het baasje werd heel emotioneel. Echt een kippenvelmoment", seit Meij.
Hûn Loki wie 6 jier fermist, mar giet no wer werom nei syn baaske
Loki moat noch even wachtsje oant syn ynintings ynwurkje, ûnder oare tsjin hûnsdûmens. Mar op 14 maart is it sa fier. Dan reizget Björn ôf nei Ljouwert om Loki wer yn syn earms te sluten. "Heel bijzonder", seit Meij, dy't in emosjoneel wersjen ferwachtet.
Sokke reünys makket sy net faak mei yn it diere-asyl. "Dit is wel heel uniek. Hier zie je dus ook weer dat chippen, het juist registreren van je huisdier, heel waardevol is. In welk land dat ook is. Want dan kunnen we de eigenaar weer vinden."