HEA! Alles foar 'Looft den Heer'

HEA! Libbe Loads Dijkstra
Foar muzykferiening Looft den Heer fan Bitgummole is Libbe Dijkstra goud wurdich. Dijkstra (77) is net allinne bes-bas, al jierren sammelet hy guod yn foar de jierlikse rommelmerk fan it korps. En dêr helje se tsientûzenen euro's mei op.
It hok by Dijkstra stiet it hiele jier fol mei alle rommelmerkguod. Hy sammelet it, sjocht it nei en reparearret it wêr nedich.
By in bedriuw yn Berltsum mei alles dat klear is opslein wurde. Somtiden docht Dijkstra bysûndere fynsten tusken de doazen. Sa fûn hy alris in mummifisearre kat.