Liveblog | 6 maart

112-nijs 6 maart: Fertochte yn Damwâld oppakt foar drugshannel

Hjir hâlde we dy op de hichte fan it 112-nijs yn Fryslân.

Lêst bywurke: 6 maart, 16:25
16:25

Fundearring brêge Skûlenboarch net skansearre by oanfarring

De brêge by Skûlenboarch nei de oanfarring
De brêge by Skûlenboarch nei de oanfarring © CAMJO media
De oanfarring fan in frachtskip tsjin de brêge by Skûlenboarch yn febrewaris hat de fundearring net skansearre. Dat hat bliken dien nei in kontrôle, yn opdracht fan Rykswettersteat. Oft der skea is oan it saneamde draaipunt fan de brêge kin pas sjoen wurde as de brêge foar reparaasje fuorthelle is. Wanneart't dat krekt bart, is noch net bekend. De hiele konstruksje en de kamrêdkast binne wol stikken.
Op dit stuit wurdt der wurke oan in werstelplan. De senario's wurde op 18 maart bepraat mei bestjoerders út de regio, pas dêrnei kin reparaasje folgje. Oant dy tiid binne auto's fytsers en kuierders feroardiele ta it kiezen fan in oare rûte.
16:13

Ride sûnder rydbewiis yn Noardeast-Fryslân

In 32-jierrige man is tiisdei fan de dyk helle troch de plysje fan Noardeast-Fryslân. De man hie net allinnich te folle dronken, hy hie ek gjin jildich rydbewiis. De plysje hat de auto fan de man dêrop yn beslach naam.
Datselde oerkaam ek in 44-jierrige man út de gemeente Noardeast-Fryslân. Syn auto waard yn beslach naam om't ek hy gjin jildich rydbewiis hie. It is al de tredde kear yn twa moannen tiid dat de man in auto kwyt is oan de plysje.
In rydbewiis hie in 19-jierrige ynwenner fan de gemeente Noardeast-Fryslân ek net. Hy ried boppedat wylst er ûnder ynfloed wie fan harddrugs. De man is oanholden.
13:32

Fertochte yn Damwâld oppakt foar drugshannel

De drugs
De drugs © wijkagenten_dantumadiel
Yn Damwâld is ôfrûne nacht in 24-jierrige ynwenner fan gemeente Noardeast-Fryslân oppakt fanwege drugshannel en -besit. De fertochte waard oanholden doe't de plysje him om middernacht hinne kontrolearje woe.
De man siet yn in auto en besocht dêrop mei hege snelheid út te naaien. Hy ried fan de Foarwei nei de Willemsstrjitte, dêr't hy de auto delsetten hat en geandefoet fierder op de flecht sloech. De plysje fûn drugs yn de auto, dy't nei alle gedachten foar de hannel bestimd wiene.
Uteinlik koe de fertochte sa'n oardel oere letter oan de Badhúswei oanholden wurde. In oare automobilist waard foar kontrôle fan de dyk helle.
It die bliken dat dizze automobilist de fertochte krekt oppikt hie. Beiden waarden út de auto helle en by it fûillearjen fûn de plysje noch mear drugs. De fertochte sit foar fierder ûndersyk fêst.
12:22

Eaststellingwerf warskôget minder foar de ikeprosesjerûp

In warskôgingslint
In warskôgingslint © Omrop Fryslân, Ronald van der Pol
Bûten de beboude komt hinget Eaststellingwerf gjin linten mear op beammen dêr't de ikeprosesjerûp yn sit. Neffens de gemeente is de oerlêst troch de rûp 'behearskber.' Allinne op drokke plakken binnen de beboude kom wurde minsken noch warskôge. Dy beammen wurde ek noch yn in behearsysteem registrearre.
Yn de simmer fan 2019 feroarsake de rûp in soad oerlêst, mar dêrnei is it tal meldingen fan klachten ôfnaam.
Hûdútslach en yrritaasje oan de eagen en luchtwegen kinne gefolgen wêze fan it oanreitsjen fan de hierren fan de rûp. Eaststellingwerf bliuwt ynsetten op it bestriden fan de rûp, troch nêsten fuort te sûgjen, pearingfersteuring en de ynset fan wjirmkes, ieltsjes en natuerlike fijannen as slûpbijen.
08:48

Goeiemiddei

Wolkom by it 112-livebloch fan hjoed. Hjir fynst in oersjoch fan ûnder oare ûngelokken, brannen en ferkearsynformaasje yn ús provinsje.
It 112-nijs fan juster fynst hjir werom.