Kolleezje Ljouwert mist ynformaasje yn oanfraach omjouwingsfergunning foar Fleanbasis

fleanbasis ljouwert f-35
De loft yn fan de fleanbasis Ljouwert ôf © Lennard Jan Geerts
It Ljouwerter kolleezje fan B en W stelt net safolle te kinnen mei in oanfraach fan it ministearje fan Definsje foar in nije omjouwingsfergunning fan de Ljouwerter fleanbasis.
Definsje is fan betinken dat it in soad ynformaasje net diele kin, bygelyks de lûds-, lucht- en stikstofemisjes, om't it giet om geheime ynformaasje.
It Ljouwerter kolleezje begrypt dat net sa goed. "De milieugevolgen van de grondgebonden activiteiten zijn voor omwonenden van de basis van groot belang", skriuwt it yn in brief oan it ministearje fan Ynfrastruktuer en Wettersteat.
"Met beperkte informatie kunnen wij dat belang niet bij ons advies betrekken en kunnen wij onze rol als wettelijk adviseur niet goed invullen."

Alde plattegrûnen

It kolleezje stelt dat de strekking fan de oanfraach net dúdlik is en dat der gjin aktueel byld sketst wurdt, sa wurde der bygelyks âlde plattegrûnen brûkt.
"De aanvraag moet daarop worden aangevuld en verduidelijkt. Daarna zullen wij u graag van aanvullend advies voorzien. Zonder verdere aanvullingen en verduidelijking moet de aanvraag buiten behandeling worden gelaten."
Dat lêste soe foar Definsje in probleem wêze, want it moat wol in aktuele fergunning hawwe.