Ministearje jout foarearst gjin fergunning ôf foar gasboarrings by Ternaard

Ternaardkust1
De Waadkust by Ternaard, yn dizze omkriten woe de NAM boarje nei gas © Omrop Fryslân, Remco de Vries
De NAM kriget foarearst gjin fergunning foar it boarjen nei gas ûnder de Waadsee by Ternaard. Dat hat it ministearje fan Ekonomyske Saken tiisdeitejûn bekend makke.
De Staatstoezicht op de Mijnen (SodM) hat earder oanjûn te grutte risiko's te sjen foar boaiemdelgong yn de Waadsee. Steatssekretaris Hans Vijlbrief sjocht dêrtroch gjin oare opsje as it net ferlienen fan tastimming.
"Wij moeten als kabinet goed kijken naar mogelijke gevolgen van gaswinning en we gaan dan ook zeer secuur te werk. Het advies van SodM over de risico's is heel duidelijk en daarom heb ik besloten om voorlopig geen toestemming te geven", seit Vijlbrief.
Hans Vijlbrief
Hans Vijlbrief © ANP
Dit kin feroarje as út oanfoljende gegevens fan de NAM bliken docht dat de winning gjin neidielige gefolgen foar de Waadsee hat.

Gefolgen foar besteande gaswinning?

Oan de oare kant wurdt de 'gebruiksruimte' foar de besteande gaswinning no better ôfstimd op de nije senario's foar de seespegelstiging. Dat soe betsjutte kinne dat der hoe dan ek minder gas ûnder it Waad fuorthelle wurdt.
It ministearje moast foar 1 april mei in antwurd op de fergunningsoanfraach fan de NAM komme. Dat hie de Ried fan Steat bepaald nei't it mynboubedriuw dêr om frege hie. Dat slagget no dus net. Vijlbrief sil de Ried fan Steat freegje om útstel fan de beslistermyn.

Lange striid

De gemeente Noardeast-Fryslân, de provinsje en it Wetterskip ha harren de ôfrûne tiid ferskate kearen útsprutsen tsjin gaswinning by Ternaard. It ministearje giet dêr no dus yn mei.
Ek wrâlderfgoedorganisaasje UNESCO wie de ôfrûne jierren tige kritysk. By it ôfjaan fan in fergunning soe de wrâlderfgoedstatus fan it Waad op it spul komme te stean, sa warskôge de VN-organisaasje earder alris.

Waadferiening optein

By de Waadferiening binne se bliid mei it foarearst wegerjen fan de fergunning. "Mooi dat er nu serieus naar het belang van een natuurgebied als de Waddenzee wordt gekeken", seit Frank Petersen fan de feriening.
Petersen hat gjin noed oer it feit dat de NAM de gelegenheid krijt om gegevens oan te leverjen om gaswinning miskien dochs mooglik te meitsjen. "De NAM moet zich na dit besluit achter de oren krabben of ze überhaupt nog wel naar gas willen boren", stelt hy.
Deputearre Friso Douwstra is ek ferromme. "In boppeslach foar de Waadsee en de provinsje", skriuwt hy op X, it eardere Twitter. "Hiel wiis mei dizze kar." Steatelid Daan Olivier fan de PvdA slút him dêrby oan: "Laat van uitstel afstel komen. Geen gaswinning in het Waddengebied!"