Groep ChristenUnie-leden wol 'eerherstel' foar skorst Steatelid Jonker

Margreet Jonker
Margreet Jonker © Gemeente Dantumadiel
In groep leden fan de ChristenUnie yn Fryslân sprekt syn fertrouwen út yn Steatelid Margreet Jonker. Sy waard ôfrûne simmer skorst en letter út de fraksje set.
De groep leden bestiet út Douwe Keegstra, Wiebo de Vries, Marga Liefting, Pieter van Veen, Reinoud Koster en Sipkje Messink. Se wolle in 'volledig eerherstel' fan Jonker en hoopje dat op de provinsjale ledegearkomste foar elkoar te krijen.
Yn in moasje sizze se dat Jonker yntusken al tal fan moannen "geheel onrechtvaardig en onterecht" oan de kant stiet, wylst se in weardefol Steatelid mei ûnderfining is.

Klacht yn de priveesfear

Jonker waard ôfrûne simmer skorst as Steatelid fanwegen in klacht yn de priveesfear. De klacht giet oer hoe't se omgongen is mei in persoan dy't in klacht hie oer har partner. Wat dy klachten krekt binne, is noait nei bûten brocht. Se is ek út de fraksje fan de ChristenUnie set.
De groep ChristenUnie-leden dy't foar Jonker yn de bres sprongen is, fynt dat it partijbestjoer fierstente fluch dat beslút naam hat. De seis leden stelle boppedat dat te min stilstien is by de driuwfearen fan de kleister.
De groep hopet dat partijleden ynstimme sille mei de 'moasje fan fertrouwen' dy't se yntsjinje om sa rehabilitaasje fan Jonker foar elkoar te krijen.

'Korrekt hannele'

Ferline wike besleat in beropskommisje noch dat fraksje en provinsjaal bestjoer prosedureel en ynhâldlik korrekt hannele doe't se Jonker út de fraksje setten. De útspraak soe betsjutte dat Jonker de partij net mear fertsjintwurdigje kin. Jonker wie krekt fan doel om yn maart werom te kommen as Steatelid.