Ald-bûnscoach Niebeek wurdt nije haadtrainer LDODK

orange
Jan Niebeek © Orange Pictures
Jan Niebeek is mei yngong fan takom seizoen haadtrainer fan LDODK. Op it stuit is Niebeek (53) noch technysk direkteur by it kuorbalbûn.
By LDODK wurdt Niebeek de opfolger fan Gerald Aukes, dy't sûnt jannewaris 2022 de haadtrainer fan de Gordyksters wie.
Niebeek is entûsjast oer hoe't it giet by de Fryske ploech. "De ontwikkelingen bij LDODK, bijvoorbeeld de nieuwe sporthal en het aantal toeschouwers dat de wedstrijden bezoekt, vind ik erg gaaf."
Hy hie by it bûn bliuwe kind, mar kiest derfoar om wer yn it klupkuorbal aktyf te wurden. "Om zo met de voeten in de klei te werken aan professionalisering van de korfbalsport."

Fjouwer kear lânskampioen

Foardat Niebeek yn novimber as technysk direkteur oan de slach gie by it kuorbalbûn, wie er bûnscoach. Mei Oranje waard er wrâld- en Europeesk kampioen. Earder waard er fjouwer kear lânskampioen mei TOP út Sassenheim.
LDODK stiet op it stuit dield earste yn de Kuorbal League. Mei noch trije wedstriden te gean binne de Gordyksters wis fan de play-offs om de lânstitel.