Famyljeûndersyk smyt oerpake en -beppe prestizjeuze Joadske ûnderskieding op

Oelen
Johannes Oelen (hielendal rjochts) foar syn hûs, mei (yn it wyt) Rolina, en tusken har yn soan Klaas Oelen, Ester Cohen en (ûnder it kin) Nathan Cohen © kolleksje famylje Oelen
Jierrenlang is der net oer praat, yn de famylje Oelen, want elkenien wist it wol: yn de oarloch sieten der Joadske ûnderdûkers by harren yn hûs.
No, hast 80 jier nei de ein fan de Twadde Wrâldoarloch, krije Johannes Oelen en Rolina ter Steege dêr postúm de prestizjeuze Yad Vashem-ûnderskieding foar.
Harren ferhaal is optekene troch oerpakesizzer Reinoud. Hy hat ek praat mei famyljeleden dy't der doe by wiene, mar no net mear libje.
Reinoud Oelen Yad Vashem
Reinoud Oelen (links) mei Jannie Oelen (de dochter fan Johannes en Rolina) en omke Frans Wijnen © kolleksje famylje Oelen
"Het verhaal was in de familie wel bekend, maar er werd niet over gesproken. Iedereen wist het gewoon", seit Reinoud Oelen.
Hy is 25 jier âld en de earste dy't it folsleine ferhaal op papier set hat. Dêrtroch wurde syn oerpake en -beppe no ûnderskieden.
Yad Vashem is de heechste ûnderskieding dy't de Israelyske regearing oan net-Joaden takent. De ûnderskieding is bedoeld foar minsken dy't mei gefaar foar eigen libben Joaden holpen ha yn de Twadde Wrâldoarloch.
Yn de ôfrûne jierren is der in tanimming te sjen yn it tal Yad Vashem-útrikkingen. Dat komt omdat der hieltyd mear minsken binne dy't op syk geane nei de eigen famyljeskiednis. Boppedat wurdt it troch de digitalisearring hieltyd makliker om âlde famyljebannen werom te finen.
De famylje fan de ûnderskieden persoanen krijt in medalje en in oarkonde, en de nammen wurde yn in stien beitele yn in betinkingsmuorre yn Jeruzalem.
It ferhaal begjint yn 1942. It gefaar fan Dútske razzia's waard hieltyd grutter. In pake en beppe út Ljouwert beslute ûnder te dûken. Sûnder de bern en de beppesizzers. Dy binne noch jong, en sterk genôch om de oarloch te oerlibjen, tinke se dan.
De bern en de beppesizzers komme om yn Auschwitz.
Pake en beppe binne Nathan en Ester Cohen. Hy is hannelsreizger en hat in winkel yn jern. Sy is húsfrou.
Nathan en Ester kinne net lang bliuwe op it earste plak dêr't se ûnderdûke. Dat is by in frou. Har soan sit by de SS en kin elk momint thúskomme. Dan kinne je better gjin ûnderdûkers yn hûs ha, seit Reinoud Oelen. "Ze moesten daar als de bliksem weg."
Sa komt it pear Cohen yn Ljouwert telâne, by de famylje Oelen. Yn in geheime romte yn de muorre boppe in ynboukast kinne se har ferskûlje.
Foto
Op dizze foto is oan de linkerkant de kast te sjen, yn de muorre, dêr't de ûnderdûkers boppe sitten ha. © kolleksje famylje Oelen
It ûnderdûkersplak wie tagonklik troch in ferdjipping heger it bad oan de kant te skowen. Earst de iene kant op, sadat Nathan deryn koe, en dêrnei de oare kant op, om plak te meitsjen foar Ester.
Johannes Oelen, de oerpake fan Reinoud, wie in handich man.

Altyd yn bad

"Als de Duitsers kwamen, dan zorgde Johannes ervoor dat zijn zoon, mijn opa Klaas, in dat bad zat", seit Reinoud. "Het water was koud. Maar de Duitsers zouden hem niet vragen om het bad aan de kant te schuiven."
En de Dútsers kamen.
Ze keek de dood recht in de ogen.
Reinoud Oelen oer Ester Cohen
Ien kear wie Ester, in âldere frou, sa siik, dat se har net ferskûlje koe yn de holle romte. Nathan krûpte der wol yn, mar Ester bleau op bêd lizzen. Se hie hege koarts.
De Dútsers kamen it hûs yn en giene nei boppen. Dêr seagen Ester Cohen en in Dútske soldaat elkoar even oan. "Ze keek de dood recht in de ogen", seit Reinoud.

Keunstgreep

Dat se doe net oppakt is, komt troch in keunstgreep fan Rolina. Dy hie Ester ekstra wyt makke mei talkpoeier. En doe't de Dútsers de sliepkeamer yn kamen, sei se: "Das ist meine Mutti, sie hat Tbc."
Tuberkuloaze. "Daar waren de Duitsers als de dood voor", seit Reinoud. "Ze wisten niet hoe snel ze het huis uit moesten gaan."

Ynboukast

It hûs dêr't dit alles him ôfspile, is der noch hieltyd. Yn de oarloch moat it in nijbouhûs west ha. No neame we it in foaroarlochske wenning.
Reinoud Oelen Yad Vashem
Johan Oelen (de heit fan Reinoud) lit sjen wêr't de ûnderdûkers sitten ha © kolleksje famylje Oelen
Tegearre mei syn heit hat Reinoud okkerdeis in kear werom west yn it hûs oan de Bosboomstraat yn Ljouwert. Se bellen oan by de minsken dy't der no wenje en mochten even binnen sjen.
It bad is der net mear, en de ynboukast dêr't it ûnderdûkersplak boppe siet, is ek fuort. Mar it ferhaal bliuwt.
De ûnderskieding wurdt nije wike offisjeel útrikt oan de famylje Oelen.