Cambuur Sjoernaal: Ljouwerters alwer ûnderút tsjin beloften

Cambuur Sjoernaal
Cambuur Sjoernaal © Dijks Media
En wer gie it mis by Cambuur tsjin in belofteploech. Op De Herdgang yn Eindhoven gie de formaasje fan Henk de Jong mei 3-1 ûnderút tsjin Jong PSV.
Cambuur krige yn de earste helte noch wol kânsen om op foarsprong te kommen. Twa ôfstânskotten fan Fedde de Jong waarden pakt troch doelman Niek Schiks, en kopballen fan Uldrikis en Smits misten de goede rjochting.
En der wie mear maleur. Michael Breij moast al nei in kertier fan it fjild ôf mei in hamstringblessuere.
Yn de twadde helte kaam Jong PSV op 2-0 en doe like de wedstriid spile, mar Marco Tol makke hiel rap de oanslutende treffer. Thomas Poll besegele it lot fan de Ljouwerters troch in foarset fan Jong PSV yn eigen goal te wurkjen.
En sa stie Cambuur tsjin in belofteploech wer mei lege hannen, al foar de fiifde kear dit seizoen.
Alles oer Jong PSV - SC Cambuur yn it Cambuur Sjoernaal:
Cambuur Sjoernaal: wer ûnderút tsjin in belofteploech