Liveblog | 5 maart

112-nijs 5 maart: Auto rydt pân op De Jouwer yn

Hjir hâlde we dy op de hichte fan it 112-nijs yn Fryslân.

Lêst bywurke: 5 maart, 17:16
17:16

Auto rydt pân op De Jouwer yn

Auto rydt pân yn De Jouwer yn
Auto rydt pân yn De Jouwer yn © ProNews
In automobilist is tiisdeitemiddei in pân oan de Midstrjitte op De Jouwer. Neffens in korrespondint soe it misgien wêze by it parkearjen fan de auto.
De bestjoerder koe sels út de auto komme. De brânwacht sil de stabiliteit fan it gebou beoardielje.
13:40

IM: man dy't ynried op file by De Lemmer siet op telefoan

ungelok A6 Lemmer
De skea fan it ûngelok op 'e Lemmer © Noordernieuws
In 29-jierrige Ljouwerter dy't op 4 jannewaris ferline jier ynried op in file op de A6 by De Lemmer, hat him nei it oardiel fan it Iepenbier Ministearje skuldich makke oan 'roekeloos' rydgedrach.
De offisier fan justysje easke in wurkstraf fan 160 oeren, in finzenisstraf fan trije mannen ûnder betingst en in rydûntsizzing fan oardel jier. De Ljouwerter wie efterop in file riden dy't ûntstien wie trochdat fierderop yn de rjochting fan De Jouwer in frachtwein op 'e dyk stie.
Neffens de offisier fan justysje hie de man flak foar de botsing syn telefoan mei de hân betsjinne. Neffens de wet mei in telefoan wol yn de hâlder betsjinne wurde, mar mei it tastel net yn 'e hân holden wurde. De Ljouwerter seit dat er mei de spraakfunksje in diktearberjocht ferstjoerd hie.
Mar sjoen it taalgebrûk yn it berjocht, de punten en komma's, en dat it berjocht einige mei 'indd', fynt de offisier it net oannimlik dat de man it berjocht ynsprutsen hie.
Frou slimferwûne
De Ljouwerter wie fan syn wurk yn Emmeloord ûnderweis nei hûs ta. Hy ried efterop fjouwer auto's. De bestjoerder fan de earste auto, in frou fan 50 jier út Grinslân dy't mei har minderjierrige soan weromkaam fan in dei winkeljen yn Bataviastad, wie der it slimst oan ta.
De frou hie brutsen ribben en harsenletsel oprûn. Se waard mei in traumahelikopter nei it sikehûs brocht. Dêrnei moast se werstelle yn in refalidaasjesintrum. Se sil nei alle gedachten nea mear de âlde wurde.
De rjochtbank docht op 19 maart útspraak.
13:00

Goeiemiddei

Wolkom by it 112-livebloch fan hjoed. Hjir fynst in oersjoch fan ûnder oare ûngelokken, brannen en ferkearsynformaasje yn ús provinsje.
It 112-nijs fan juster fynst hjir werom.