Cambuurtrainer Henk de Jong berêst yn ferlies: "Jong PSV is fierstente goed foar ús"

Henk de Jong
Henk de Jong © Orange Pictures
Cambuurtrainer Henk de Jong kin wol libje mei it ferlies fan syn ploech tsjin Jong PSV moandeitejûn (3-1). "Sy meitsje aksjes, dat kinne wy hielendal net."
Cambuur mei dan heger stean op de ranglist, wat fuotbaljende kwaliteit oanbelanget, binne de talinten út Eindhoven superieur, wol De Jong mar sizze. "PSV is op alle posysjes better as ús. Dat hinderet neat, ik nim de jonges neat kwea ôf. Jong PSV is fierstente goed foar ús."
Henk de Jong wiist op it kwaliteitsferskil
"Yn de earste helte hienen we it goed foar elkoar", fûn de Cambuurtrainer. "Mar ast efter komst, kinst it net iepengoaie. Dan wurdt it 6-1, 7-1", stelt De Jong.

Mear traine

It hiele drokke programma is no hast foarby foar Cambuur. Dat fynt De Jong goed nijs, dan kin syn ploech wer wat faker traine. "De jonges wolle echt wol, mar no moatte we alles foar sizze. Ast goed traine kinst, pakke de jonges it op."
De Jong hâldt dan ek fertrouwen dat syn ploech de play-offs foar promoasje noch hellet. "We hawwe in drege perioade, dat is dúdlik, mar we sille altyd knokke."

Eigen doelpunt

Foar ferdigener Thomas Poll wie it in teloarstellende jûn. Mei in eigen doelpunt soarge hy foar de beslissing yn de wedstriid. "Er kwam een voorzet. Ik kwam voor de goal. De keeper wilde hem nog wegtikken, maar daardoor veranderde hij hem van richting naar mijn been. Dat is gewoon ongelukkig", sa beskriuwt Poll syn eigen goal.
Thomas Poll makke in eigen doelpunt
Ofrûne tiisdei spile Cambuur noch yn in geweldige ambiânse in wedstriid yn de heale finale fan de beker tsjin NEC. Moandei spilen de Ljouwerters foar in hantsjefol taskôgers yn in treasteleaze sfear tsjin Jong PSV. Hie dy oergong miskien ynfloed op it minne spul?
"Afgelopen week was een prachtige sfeer, maar dat geeft niets mee voor deze wedstrijd. We kunnen geen stapje terugdoen", stelt Poll.
It is saak dat de Ljouwerters it no gau omdraaie, fynt de ferdigener. "Je wilt je vrijdag (tsjin De Graafschap, red.) gelijk revancheren. We willen de punten pakken, die hebben we gewoon nodig."