Passyf Cambuur ferliest fan Jong PSV

Wiebe Kooistra mei de holle nei ûnderen
Wiebe Kooistra mei de holle nei ûnderen © Dijks Media
Yn in treasteleaze wedstriid is Cambuur der net yn slagge punten te pakken tsjin Jong PSV. De talinten út Eindhoven wienen mei 3-1 te sterk foar de Ljouwerters.
By Cambuur wie Remco Balk skorst. Dêrtroch wie der in basisplak foar Augustín Anello.
Opstelling SC Cambuur: Van Osch; Ottesen, Tol, Bergsma (68' Sylla), Poll; Van Mullem, Breij (15' Van Kaam), De Jong (81' Nartey); Anello (81' Kooistra), Uldrikis en Smit.
De wedstriid begûn foar Cambuur mei in ôffaller. Michael Breij krige nei in sprint lêst fan de hamstring en moast nei de kant. Daniël van Kaam kaam foar him yn it fjild.

Rêstige start

Fierder hie de wedstriid in kalme start. Pas nei 22 minuten koe de earste kâns fan de wedstriid opskreaun wurde. In skot fan Milan Smit waard yn de koarte hoeke keard troch doelman Niek Schiks fan Jong PSV.
De thúsploech krige nei in lyts healoere ek syn earste mooglikheid, mar Emir Bars skeat de bal yn it sydnet. Even letter wie Jesper Uneken noch tichterby, mar fia doelman Yanick van Osch en de peal gie de bal der net yn.
De wedstriid wie yn balâns yn de earste helte
De wedstriid wie yn balâns yn de earste helte © Orange Pictures
Dêrnei wie it oan Cambuur. Earst waard in ynset fan Fedde de Jong keard troch Schiks en even letter kopte Smit yn frije posysje oer. Skoard waard der lykwols net yn it earste bedriuw.

Cambuur op efterstân

Tsien minuten nei it skoft naam Jong PSV de lieding. Ald-Hearrenfeanspiler Tygo Land stie mei in fraaie aksje oan de basis. De bal kaam úteinlik by Jevon Simons, dy't him kreas yn de hoeke skeat: 1-0.
Jong PSV fiert de iepeningstreffer
Jong PSV fiert de iepeningstreffer © Orange Pictures
Cambuur wie eins nea by machte om it de jonge Eindhovenaren echt dreech te meitsjen en in kertier foar de ein fan de wedstriid like it duel beslikke. Nei in moaie stekpass fan Simons krige Koen Jansen de bal. Dy joech him foar op Uneken en de spits glied him goed binnen: 2-0.

Fluch antwurd en noch in fluch antwurd

In minút letter die Cambuur lykwols wat werom. In frije traap waard by de earste peal binnenkopt troch Marco Tol: 2-1
Sa like de spanning werom, mar dat wie mar foar hiel even. Yn de 79e minút tikke Thomas Poll de bal nammentlik yn syn eigen doel en wie de marzje wer twa: 3-1.
Cambuur wie noch wol tichteby de oanslutingstreffer, nei't in foarset fan ynfaller Wiebe Kooistra yn de kluts tsjin de latte oan kaam, mar doelpunten foelen der net mear.
Troch it ferlies bliuwt Cambuur op 39 punten stean út 28 wedstriden, goed foar in plak yn de middenmoat.