Fraachtekens by kar Van Wonderen om Tahiri te wikseljen: "In fernedering"

Sportcast Geert Andor Arjen Roelof
Geert van Tuinen, Andor Faber, Arjen de Boer en Roelof de Vries © Omrop Fryslân
Hie trainer Kees van Wonderen de situaasje by de wiksel fan Anas Tahiri oars oanpakke moatten? Yn de Sportcast binne de mienings ferdield.
Yn de santjinde minút moast Luuk Brouwers blessearre nei de kant en kaam Tahiri yn it fjild. De middenfjilder skoarde, pakte in giele kaart en waard der by in 2-0-foarsprong wer úthelle, sân minuten foar tiid.
Van Wonderen lei dy wiksel nei de tiid sa út: "Hij stond op geel en er was nog veel te doen op het middenveld. Wat je niet wilt is dat je op een man minder komt te staan. Dat was de enige manier waarop we de wedstrijd nog konden verliezen."

"Dit moat Van Wonderen net dwaan"

Sportferslachjouwer Arjen de Boer begrypt neat fan de kar fan de Hearrenfeantrainer. "It is in fernedering foar dy jonge, want Van Wonderen hie likegoed Simon Olsson derút helje kinnen. Minsklik sjoen wie dit net netsjes."
Dêr is sportferslachjouwer Andor Faber it mei iens. "Tahiri is hast tritich jier âld en dêrmei ien fan de rûtiniers fan dit Hearrenfean. Hy wit dat er giel hat en net mei fjoer boartsje kin. Boppedat steane je 2-0 foar en hawwe je dus in marzje. Dit moat Van Wonderen net dwaan."
De lilkens wie fan it gesicht fan Tahiri ôf te lêzen doe't er nei de kant helle waard. "In ferromming", neamt sportferslachjouwer Geert van Tuinen syn reaksje. Dat fynt sportferslachjouwer Roelof de Vries ek. "Ik fûn it net raar hoe't hy reagearre."
"Mar ik fûn it ek net in hiel rare wiksel", giet De Vries fierder. "Ik fûn eins alles moai en ik fûn it gjin fernedering. Ik koe wol wat begripe fan de redenearring fan Van Wonderen."

Van Kaam rint net mei

By SC Cambuur is der ek wat opfallends mei in wikselspiler. Gewoanwei follet in trainer syn oanfierder as ien fan de earsten yn op it wedstriidformulier.
Henk de Jong set tsjin Jong PSV lykwols foar de twadde kear op rige syn oanfierder, Daniël van Kaam, op 'e bank. Jeremy van Mullem krijt de foarkar as kontrolearjende middenfjilder.
Neffens sportferslachjouwer Faber leit it probleem fan Van Kaam yn it ferdigenjende part. "Oan de bal tink ik dat it de bêste spiler fan Cambuur is, mar syn probleem leit by it diel sûnder bal. Mei syn man meirinne, is net syn sterkste punt."
Sportferslachjouwer De Boer hat statistiken sjoen dy't dat befêstigje. "Fan alle spilers yn de earste divyzje binne de twa middenfjilders dy't it faakst de man rinne litte Michael Breij en Van Kaam. Se ferdigenje gewoan net mei. Dus dit is in sinjaal fan De Jong."
Sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber, Geert van Tuinen en Arjen de Boer prate dy yn de Sportcast ôfwikseljend alle moandeis by oer al it fuotbalnijs, faak mei in nijsgjirrige gast. Sa no en dan behannelje sy ek oare ûnderwerpen.
De Sportcast is ek te beharkjen op Spotify, by Apple Podcasts en yn de podcast-apps. Dêr binne ek alle eardere Sportcasts werom te harkjen.