Liveblog | 4 maart

112-nijs 4 maart: Skoalle op It Hearrenfean ûntromme nei brân

Hjir hâlde we dy op de hichte fan it 112-nijs yn Fryslân.

Lêst bywurke: 4 maart, 17:47
17:47

Gjin eksplosiven op de dyk by Zoutkamp

16:34

Fjochtpartij op flechtstripe A32: wurkstraf

In 22-jierrige man fan Twizelerheide is feroardiele ta in wurkstraf fan sechstich oeren foar it besykjen ta swiere mishanneling.
De man hie in rûzje útfochten mei syn omke op de flechtstripe fan de A32 by It Hearrenfean. De manlju hienen in famylje-útstapke hân, yn de auto op wei nei hûs wie it út de hân rûn.
De fertochte hie syn omke meardere kearen op de holle slein, it slachtoffer rûn dêrby letsel oan syn gesicht op.
De offisier fan justysje easke foar de mishanneling in selstraf ûnder betingst, mar dêr gie de rjochter net yn mei. Hy hold it dus op in taakstraf.
16:15

Noch in soad ûndúdlik oer situaasje yn Zoutkamp

It is noch hieltyd net dúdlik wat de 'fertochte pakketsjes' binne, dy't fûn binne oan de Marneweg tusken Zoutkamp en Lauwerseach.
De dyk is op it stuit ôfsletten. Hoe lang dat it gefal is, is noch net dúdlik. Dat hinget ôf fan de útkomsten fan it ûndersyk fan de EOD.
Zoutkamp leit krekt oer de grins yn Grinslân.
Plysje oer de situaasje yn Zoutkamp
15:18

Drachtster stelt jild fan buertferiening

In frou út Drachten is feroardiele ta in wurkstraf fan 40 oere om't se jild út in wenning fan in kunde stellen hat. Dat jild wie ek noch ris fan buertferiening 'De Vooruitgang' yn Drachten.
Yn totaal wie der oer in langere perioade goed sântûzen euro meinaam. Neist de wurkstraf moat de 59-jierrige fertochte har ek melde by de reklassearring en meiwurkje oan skuldhelpferliening.
14:51

Fertochte pakketsjes fûn by Zoutkamp

Der binne twa fertochte pakketsjes fûn oan de Marneweg tusken Zoutkamp en Lauwerseach. It pakket wurdt troch de Explosieven Opruimingsdienst Defensie (EOD) ûndersocht.
De Marreweg is op dit stuit ôfsletten.
13:23

Skoalle ûntromme nei brân

Op it OSG Sevenwolden op It Hearrenfean bruts brân út
Op it OSG Sevenwolden op It Hearrenfean bruts brân út © Groot Heerenveen
It OSG Sevenwolden op It Hearrenfean hat fan 'e middei ûntromme west fanwegen brân. Dy wie nei alle gedachten útbrutsen yn in handoekeautomaat yn de húskes.
Der kaam flik wat reek frij, meldt de brânwacht, mar it fjoer wie gau ûnder kontrôle. Der kamen ambulânses om minsken te kontrolearjen op reekynhalaasje.
It gebou is fentilearre. De learlingen binne nei hûs ta stjoerd en ha de rest fan de dei gjin les mear.