Liveblog | 3 maart

112-nijs 3 maart: Hast alle bewenners Drachtster flat binne wer thús

Hjir hâlde we dy op de hichte fan it 112-nijs yn Fryslân.

Lêst bywurke: 3 maart, 22:38
22:38

Hast alle bewenners binne wer thús

Hast alle bewenners fan de flat yn Drachten binne wer thús. De bewenner fan it appartemint dêr't de brân útbruts, kin noch net werom. Dy hat tydlik in oar appartemint yn deselde flat krigen.
Ek in oare wenning moat earst skjinmakke wurde. Dizze bewenner hat tydlik op in oar plak ûnderdak fûn.
21:43

Alle wenningen yn flat binne kontrolearre

De brânwacht hat yntusken alle wenningen yn it flatgebou yn Drachten kontrolearre. Yn oerlis mei de behearder fan it gebou wurdt no besjoen hokker bewenners werom kinne nei harren wenning.
Neffens de feilichheidsregio wurde de bewenners dêr sa gau as mooglik oer ynformearre.
19:40

Wurdfierder Sytske Balt fan de feilichheidsregio fertelt oer de brân

Wurdfierder Sytske Balt
Der wurdt yn Drachten noch altyd besjoen hoefolle minsken mooglik in oar plak foar de nacht sykje moatte. Neffens de feilichheidsregio Fryslân sille dat net in protte minsken wêze, as dat al nedich is.
18:53

Bylden fan de brân by de Drachtster soarchflat

Bylden fan de brân by de soarchflat
18:46

Santich minsken moatte earst opfongen wurde

brân, Drachten
Bewenners, omstanners en helptsjinsten bûten de flat © CAMJO Media
Yn Drachten moatte op dit stuit santich bewenners fan it flatgebou opfongen wurde. Dat jildt ek foar in tal húsdieren. De bewenners fan de earste oant en mei de fyfde ferdjipping binne opfongen yn de bedriuwskantine fan sikehûs Nij Smellinghe.
De bewenners fan de tsiende en alfde ferdjipping kinne feilich yn harren wenning bliuwe, neffens de feilichheidsregio.
Op dit stuit wurde alle wenningen kontrolearre om te sjen oft de bewenners werom kinne of net. Oars is langere opfang nedich.
18:11

Bewenners opfongen yn winkel