Fabiënne (18) tocht dat se nea wer rinne soe, mar docht aansten mei oan rinwedstriid

Fabiënne Boonstra
Fabiënne Boonstra (18) fan De Harkema © RTV NOF
Alle jierren dogge der mear as 20.000 minsken mei oan de 4Mijl fan Grins, mar twa froulju út De Harkema ha wol in hiel bysûnder ferhaal. Fabiënne Boonstra (18) tocht ferline jier noch dat se noait wer rinne koe.
Op 23 july feroare it libben fan de doe noch 17-jierrige Fabiënne. Nei in scooterûngelok bedarre sy yn it sikehûs. Dêr begûn in 'rollercoaster': sikehûs yn en út en de iene operaasje nei de oare.
"By binnenkomst lei myn knibbel der hast ôf", fertelt se. "De operaasjes giene doe ek de hiele tiid mis, dus op in bepaald stuit witst net mear oft it oait noch goedkomt. Ik stie dêrom op it punt om te sizzen dat se myn skonk wol amputearje mochten. Ik siet der echt trochhinne."
RTV NOF gong op besite by Fabiënne en har mem yn De Harkema:
Se brocht njoggen wiken troch op de berneôfdieling fan it Grinzer sikehûs UMCG. "It wiene lange wiken. De dokters tochten earst dat it in drege put wurde soe. En earlik sein hie ik der earst sels ek net folle fertrouwen yn."
Har famylje hold wol altyd hoop, fertelt mem Sibrich Boonstra. "Ik wit dat se by it UMCG in hiel soad kinne, dus ik leaude der wol yn. As se earne wat dwaan koene foar Fabiënne, dan hjir wol. En dat blykte ek sa te wêzen. Dat wie hiel bysûnder."
Ik kin sels al wer wat huppelje.
Fabiënne Boonstra
Yn oktober giet Fabiënne mei har mem de últime útdaging oan: se wolle de 4Mijl fan Grins rinne. "Earst twivele ik hiel bot, mar doe't ús mem ek meidwaan woe, wie ik ek om", seit se. "De dokters, en ik sels eins ek, hiene noait tocht dat ik sa gau wer rinne koe. Ik kin sels al wer wat huppelje."
Mem en dochter wolle net samar de goed seis kilometer folbringe: se hoopje jild yn te sammeljen foar de berneôfdieling fan it UMCG, de ôfdieling dêr't Fabiënne goed twa moannen lein hat.
"Se ha Fabiënne hjir sa holpen en se fernamen echt wannear't Fabiënne der even trochhinne siet. Wy wolle graach wat werom dwaan."