It Bûn fan Fryske Fûgelwachters wol katten fange: "Bytiden moatte je steviger oanpakke"

swerfkat fong op Texel
In kat dy't fong is © ANP
It Bûn fan Fryske Fûgelwachten wol húskatten yn de greide fange en nei in opfang bringe om sa de greidefûgels te beskermjen. Omdat de measte katten chipt binne, is de eigener meastentiids wol te finen. Dy kin de kat dan nei it beteljen fan in boete wer ophelje.
Mei dat idee kaam foarsitter Keimpe Strikwerda freedtejûn op de algemiene ledegearkomste fan it BFVW. It bûn fiert al jierren kampanje om katte-eigeners oer te heljen de poes yn hûs te hâlden yn de maitiid. Mar dat is net genôch want in soad katten frette noch hieltiten nêsten leech.
"Eins is it net út te lizzen dat minsken dikke boetes krije at der hûnen yn it fjild komme en dat katten frij binne om de natuer te fernielen", seit Strikwerda.
It Bûn fan Fryske Fûgelwachters wol katten fange
As it net helpt om minsken te freegjen harren kat binnen te hâlden, is it fangen fan katten in opsje foar it BFVW, seit Strikwerda: "We binne fan doel dy katten te fangen. Dat fangen hâldt yn dat wy sy ôffiere nei in opfang."
Earder dizze wike rôp ûndersiker Esther Swankhsuisen fan de RUG al op dat net allinnich de baaskes mar ek de oerheid wat dwaan moat oan de oanfallen fan katten op de greidefûgelpykjes.
Se wol mei har ûndersyk oantoane dat der mear belied nedich is op dit mêd.
Omdat de measte húskatten chipt binne, is it net dreech de eigeners op te spoaren. Dy kinne de kat dan wer ophelje. "Mar dan fyn ik ek dat der in flinke fergoeding tsjinoer stean moat sadat de minsken fiele en tinke: dit moat takom jier net wer sa."

Steviger oanpakke

It is net de bedoeling minsken te straffen, mar wol dat sy leare de katten thús te hâlden. No kin it fansels barre dat minsken it net goed fine dat immen harren hûsbist fangt.
Tsjirk
In alarmearjende tsjirk boppe it fjild © Omrop Fryslân, Remco de Vries
Strikwerda begrypt dat: "Dat wurdt ek in hiel oheden. Dat is ek sa. Bytiden moatte je troch de soere appel hinne bite en eefkes steviger oanpakke. En as dat ek nei bûten komt en minsken der oer prate dan hat dat ek wer útstrieling nei oare minsken ta."
Der wie freedtejûn ek noch romte foar in bysûndere beneaming yn it haadbestjoer; âld natuerdeputearre Douwe Hoogland (PvdA) sil him no fan dat bestjoer út ynsette foar de greidefûgels.