Ryk stiet gasboarring ta, mar Opsterlân ferbiedt boartuorren: "No is it genôch"

Marcel van Opzeeland
Marcel van Opzeeland © Omrop Fryslân
Is it in list? In keunstgreep? Of in juridyske trúk? Wethâlder Marcel van Opzeeland van de gemeente Opsterlân seit dat it 'hiel normaal' is.
Hy wol net dat der yn syn gemeente nei gas boarre wurdt. Mar de Ryksoerheid hat de boarringen al tastien. En dy giet der oer.
Dochs hâldt Van Opzeeland de gasboarring yn syn gemeente no tsjin. Hy wegeret in boufergunning ôf te jaan foar de boartoer dy't nedich is om it gas út de grûn te heljen.
CV
It cv fan Marcel van Opzeeland © Omrop Fryslân
"Gasboarringen binne faak yn it bûtengebiet", seit Van Opzeeland. "Dêr ha je in fergunning foar nedich."
"As ien in hûs bouwe wol yn kwetsber gebiet, dan seit de gemeente ek dat dat net samar mei. En as wy sels bûten de doarpen bouwe wolle, dan krije we de provinsje oer ús hinne."
Dit is hoe't wethâlder Van Opzeeland gaswinning tsjinhâldt
"No komt der in bedriuw dat dêr in gastoer bouwe wol", seit Van Opzeeland. "Ast dêr in goeie reden hast, kinst in fergunning krije. Mar gasboarring is neffens ús gjin goeie reden, want dêr binne we tsjin. Dus dy fergunning wegerje we."
Yn 'It Polytburo' beprate presintatoaren Andries Bakker en Eric Ennema alle wiken mei in gast aktuele tema's yn de polityk. Sjoch hjir nei de folsleine útstjoering mei Marcel van Opzeeland.
It giet om in proefboarring by Nij Beets, dy't de gemeente Opsterlân no tsjinhâldt. Gaswinner Vermillion hat dêr protest tsjin oantekene. Dat protest wurdt no troch de rjochter besjoen. Nei alle gedachten sil dy fan 't simmer útspraak dwaan.
Van Opzeeland beklammet dat de gemeente allinne oer de toer giet, en net oer de boarringen. "Mar sûnder boartoer is dy gaswinning wol dreech."
"Gas is ek net mear sa nedich"
It ferset tsjin de gaswinning by Nij Beets is grut. Tsientallen aksjefierders fan de stichting Tsjingas wiene dizze wike by it gemeentehûs fan Opsterlân om te demonstrearjen.
Opsterlân wurdt al jierren sjoen as in 'wingewest', seit Van Opzeeland. "Earst mei turf, en letter mei gas. No is it genôch. Wy wolle gjin boarringen mear."
Cartoon Marcel van Opzeeland
Marcel van Opzeeland © Gerco van Beek