Winterferbliuw skriezen yn Senegal fol gif, Fryske ûndersikers komme yn aksje

Senegal4
Skriezen oan it fretten tusken it ôffal yn fersmoarge wetter yn de bûtenwiken fan Saint-Louis © Birdeyes
Fryske skrieze-ûndersikers fan de ûndersyksgroep Birdeyes yn Ljouwert sette harren net allinnich yn foar in fûgelfreonlikere lânbou yn Fryslân. Se dogge dat ek yn Senegal, yn gearwurking mei Dútske kollega's.
Winterdeis sitte der in soad skriezen yn in nasjonaal park yn de delta fan de Senegalrivier. Mei dammen is de rivier dêr ôfsnijd fan de see om mei it swiete wetter grutskalige rysteelt op te setten. Dêrby wurde in soad bestridingsmiddels en keunstdong brûkt.
Hoefolle pestisiden se dêr yn it wetter fine, mar ek yn de fisk dy't de minsken ite, is echt smoarch.
Undersiker Jos Hooijmeijer
It nasjonaal park dêr't de fûgels sitte, is feroare yn in soarte ôffierputsje dêr't dat allegearre by elkoar komt. "Hoefolle pestisiden se dêr yn it wetter fine, mar ek yn de fisk dy't de minsken ite, is echt smoarch", sa seit Jos Hooijmeijer fan Birdeyes.
Birdeyes is de ûndersyksgroep om heechlearaar trekekology Theunis Piersma fan de Rijksuniversiteit Groningen hinne. It projekt yn Senegal is noch mar krekt úteinset en wurdt betelle mei Europeesk jild.

"Dan skrikst"

Nei dy bestridingsmiddels wurdt ek ûndersyk dien, sa seit Hooijmeijer: "Twa jier lyn hawwe wy de levers derút helle by in oantal skriezen dy't wy dea fûn hienen en dy hawwe we by Naturalis analysearje litten."
"Dan skrikst oer wat dêr yn sit oan gif", stelt Hooijmeijer. "Wy binne no mei de Wageningen Universiteit dwaande om it spoar te folgjen dêr't de fûgels dat gif binnenkrije."
Senegal1
In sompegebiet dat troch it sâlter wurden fan it lân oantaaste is © Birdeyes
Mei help fan Europeesk jild wurdt no besocht de situaasje te ferbetterjen foar likegoed de fûgels as de minsken. Want fan de wize wêrop't der no rys teeld wurdt, wurdt it lân sâlter. Dat liedt der ta dat der hieltyd mear lân net of foar in relatyf koarte perioade brûkber is foar de lânbou.
Der lizze no twa oplossings. Foar de koarte termyn soe de oanlis fan in soarte fan ringfeart om it nasjonaal park hinne helpe kinne.
Foar de langere termyn wurdt der tocht oan in oare foarm fan buorkjen. "Hoe kinne je it safier krije dat it oantreklik is om in goed stikje bôle te fertsjinjen sûnder al dat gif en keunstdong?"

"Underop ôf"

Wat de skrieze-ûndersikers net wolle, is dat se dêr efkes delkomme om te fertellen hoe't it moat. "Dêr moatte wy yndie goed om tinke", sei Hooijmeijer.
"Dizze projekten hawwe allinnich in kâns om te slagjen as de minsken der sels it nut fan ynsjogge. Dêrom dogge wy dit ek hielendal fan ûnderen ôf, mei de lokale mienskippen dy't dêr wenje. Bygelyks mei de lokale partner fan de fûgelbeskerming en de lokale autoriteiten."